Ut it skûtsje-argyf 2001
De âlde griene soe wer sile
op Langwar, it wie in set al lyn,
mei sicht op ’t wetter en de hichte;
der stie lykwols tefolle wyn,
dus waard wat heve soe, net spile.
De âlde griene sil wer blinke
foar Langwar, al is it foar de show
em moat de skipper ’t seil rap strike,
it wurdt in saak fan hjir en no,
earst tinke en dan tsien kear winke.
Hoesa op ’t wetter konsternaasje
troch in botsing fan ballon en mêst?
De fleugel is de rjochtingwizer,
it kleure doek skoot kreas dernêst…
de graasje fan in demonstraasje.
|