Ut it skûtsje-argyf 2002
Nei de prof de amateur,
hy kriget op in sneon de kâns
om sjen te litten dat er sile kin,
mar bliuwt it skip wol yn balâns?
’t Barde rom noch foar de start
doe’t ‘Oeral thús’* stiek fan de wâl,
in fûle twirre foel der folop yn,
it skip sloech om, it wiisde mâl.
‘Oeral thús’ rûn fol en sonk;
de dei ferrûn mei fûle striid
fan konkurrinten, foar en oan de wyn,
mar ’t rampskip wie net by de tiid.
Under wetter bleau it dei
en nacht, mar thús wie ’t skip dêr net,
in bergingsbok kaam fan de Iselmar,
hat ‘Oeral thús’ wer rjochtop set.
Nei de hys de amateur,
hy krige moandeis al de kâns
om smoarch te wurden, want it skip moast skjin,
dat wâlwurk wie hy wis wol mânsk.
* Jouster skûtsje |