Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ynje-troep

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Isaäc Israëls*

Image

Dêr rinne se mei fluit en tromme,
de muzikanten foar de troep,
hjoed sil de reis begjinne,
no noch binne se in groep,
hoefolle sille hjir wer komme?

It wie in training fan seis wiken
yn Harderwyk troch hoep en slyk
foar heitelân en Ynje,
no noch binne se gelyk,
mar letter telle se de liken.

Se krigen trijehûndert gûne,
it lean foar wurkers yn in jier,
bestimd foar de bordelen,
no noch is it wat te ier,
mar better no as earst ferwûne.

Sjoch him dêr stean mei tichte eagen,
hy wie in moedich KNIL-soldaat,
mar yn de striid ferwûne,
mist er no ek noch in maat
of trije, wie it mar gjin leagen.

Image

* Isaäc Israëls (1865-1934)
Skilderij ‘Transport fan de kolonialen’
Skilderij ‘Ferwûne KNIL-militêr’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum