fan Paolo Uccello*
San Romano, stêd fan frede
lykas earder yn ’t Romeinske ryk,
de seewyn kuollet hjitte koppen
wylst de weagen rûzje rêst,
dyn boarger sliept tefreden.
San Romano, sjoch de legers
fan twa grutte stêden tagelyk,
Florence striidt tsjin buorplak Siena
wylst dyn boarger rekket fêst,
hjoed hat gjin stêd it dreger.
San Romano, skôgje deaden,
’t hynder en syn ruter tagelyk,
dyn boarger sil der net oan wenne
dat syn roazen krije lêst
fan ’t bloed, ’t ferkearde reade.
* Paolo Uccello (1397-1475)
skildere trije panielen
fan de slach by San Romano |