fan ûnbekend*
In hearsker stribbet nei noch mear,
mei minder kin er dochs net ta?
Hy wol gjin tsjinspraak, dus no sa!
It hiele ryk sprekt ta syn ear.
Mei ien frou koe de foarst net ta,
oan ’t hôf liet har in dame sjen
dy’t goed wie foar wol fjouwer bern,
mei blau bloed fiif derby, no sa!
In lân fan sân wie him te min,
der moasten mear provinsjes by,
mei ’t suden waard de steat as nij,
doe wie ’t de foarst wol nei it sin.
De foarst? It moast noch hegerop,
de keningstitel soe it dwaan,
hy woe himsels dy eare jaan,
sa kaam er strieljend oan de top.
De hannel siet him yn it bloed,
miljoenen streamden yn de kas,
it kaam de kening goed fan pas,
wylst earmen sieten djip yn noed.
Net sunich spile ’t suden op,
troch revolúsje waard it frij,
’t oermjittich stribjen wie foarby,
foar kening Willem wie ’t in strop.
Skilderij ‘Kening Willem I’
|