fan Giotto di Bondone*
Hy baaide yn de wielde fan syn heit
en joech it jild mei beide hannen út,
fertsjinne letter dochs in bonus,
út hûndert fammen keas er wol in breid,
mar gie it yn ’t bestean om bút?
Hy stie yn twivel, klaaide him doe út
en joech de klean en syn beslút oan heit,
dy’t him beleanne mei in malus,
it lânskip waard syn hûs, de himel ’t rút,
in bleat bestean wie sa in feit.
Mar wat er hie, wie ek foar elkenien,
hy joech syn kleed mei beide hannen oan,
syn bonus wie it heil op ierde,
de skepping kriich er fan syn Heit te lien,
om’t hy it die lykas de Soan.
* Giotto di Bondone (sirka 1266-1337)
Fresko ‘It ôfstân dwaan fan de erfenis’
Fresko ‘It skinken fan de mantel’
|