fan ûnbekend*
Nei twaentachtich dagen
riisde Moskou foar de keizer op,
in stille stêd, der wie gjin kop
en ek gjin folling foar de mage.
De twadde haadstêd wiisde
op in sege sûnder rynske bút,
de leechte gniisde achter ’t rút
fan ’t Kremlin, wat de kop fertiisde.
De koppen draaiden nei de
brannen, lôgjend yn de hiele stêd,
de flammen rekken mar net sêd,
sadat de hoanne dagen kraaide.
De keizer waard grimmitich,
seach de fiere takomst donker yn,
in winter sûnder sinneskyn
soe komme oer in dei of tritich.
En doe’t it Kremlin gniisde
om de keizer út it fiere lân,
stiek hy de tuorren yn de brân,
wat op in dûbel needlot wiisde.
* Yllustraasje ‘Moskou yn de brân’
Yllustraasje ‘Napoleon giet út Moskou wei’ |