maart 16, 2025
fan ûnbekend*
Holly wood, in bosk mei hulst,
in stikelbeam mei reade beien;
pript de stikel troch de hûd,
dan dript it bloed en is it lijen,
sjedêr de tsien fan Hollywood.
Skriuwers fan senario’s
en regisseurs, sy kamen op ’e
swarte list as kommunist,
it filmbedriuw moast harren mije,
sjedêr de liberale mist.
Slimmer wie de finzenis
foar kommunisten yn it frije
lân fan elk syn eigen lot;
is ’t ryk of earm, genietsje, lije,
foar elkenien de geunst fan God.
Holly wood, in bosk mei hulst,
de stikels fan dy Iene Steaten
krongen troch yn elke hûd
dy’t oars wie as it hurde harnas,
al binne tsien fan Hollywood.
* Foto ‘The Hollywood Ten’
(njoggen fan de tsien)
februari 17, 2025
februari 10, 2025