fan Rembrandt*
fan Otto van Veen**
Hy tsjinne yn ’t Romeinske leger,
Claudius, de grutske Batavier,
foar keizer Nero yn it spier,
syn biedwurd wie: mei striden heger!
Doe kaam de kear yn ’t hege libben:
Claudius waard oansjoen foar in die
tsjin keizer Nero, heechferrie,
syn biedwurd waard: ik ha goed stribbe!Doe kaam er mei syn eigen leger
foar ’t fizier as grutske Batavier,
hy hie oan de Romein it mier,
syn biedwurd wie: mei striden heger!
Yn ’t hillich wâld liet hy har komme,
fûle striders mei it skerpe swurd,
se swarden mei it steile wurd:
‘Foar Claudius fan tean oant tomme!’
Hy wie de haadman fan syn leger,
Claudius, de grutske Batavier,
mei ’t ritueel fan ’t knipte hier,
syn biedwurd wie: mei striden heger!
* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘De gearspanning fan Claudius Civilis’
* Otto van Veen (1557-1629)
Skilderij ‘Civilis lit it hier knippe’ |