Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Byld fan Buchenwald

Skiednisbylden

fan Margaret Bourka-White*
fan ûnbekend**

Foar har wie earst gjin plak te heech
om del te sjen mei noch in each
dat fêstlei wat dêrûnder barde,
hichtefrees liet sy net ta,
sy wie net bang, mar doarde.

Mei konsintraasje skeat sy byld
nei byld yn ’t kamp fan Buchenwald,
sadat gjin misdied waard fergetten,
want gjin minske woe ’t sa ha,
sy hat de foarstap setten.

De minske yn in bleat bestean,
tsjinholden troch it stikeltrie,
koe amper fan it leed fertelle
fan ’t appel, dat plak rûn skean…
wa koe de deaden telle?

Mar sy fertelde mei har byld
de leechte fan it skeane stean,
moast dêr de hichte foar ferlitte,
leger koe gjin libben gean,
de wrâld moast dêrfan witte.

* Foto ‘Margaret Bourke-White (1906-1971)
fotografearret út ’e hichte wei’

** Foto ‘Finzenen yn Buchenwald’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum