Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Brutsen reus

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

His Majesty’s Airship
op ’e grûn majestueus,
dêr’t minsken by yn ’t neat fersinke;
wês fan herten wolkom, passazjiers,
binnenyn is ’t lúksueus.

His Majesty’s Airship,
yn de loft in swevend skip,
dat gjin gefaar rint om te sinken;
wês gerêst, unike passazjiers,
nim in dronk op dizze trip.

His Majesty’s Airship,
driuwt op wetterstof, dat lekt
in bytsje fuort, net tinke
dat it mis giet, bêste passazjiers,
nim noch ien, gjin glês dat brekt.

His Majesty’s Airship,
op ’e grûn majestueus,
doe om de earste op te drinken,
letter mannich deade passazjier
yn en om de brutsen reus.

* Foto ‘HMA R 101 op ’e grûn’
** Foto ‘Nei de ramp fan HMA R 101’ 

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum