februari 4, 2018
Op 4 febrewaris 2018 yn de Menniste gemeente fan Drylts
1. Tarissing
Dit wurdt in tsjinst fan twa memmen,
de iene mem fan in lyts jonkje,
de oare mem fan in skoansoan,
beide yn de djipte rekke,
mar ek wer oereinkommen.
Wy fiere op dizze snein de tsjinst
yn it leauwe oan de Skepper
fan himel en ierde,
dy’t de frou ta libben roppen hat
nei’t de man skepen wie út ’e ierde.
Dizze Skepper hâldt fêst oan wat
Hy foar it ljocht roppen hat.
Amen
2. Sjonge
Liet 413: 1 en 2
3. Bea
God, Skepper fan himel, see en ierde,
hoe soene wy Jo net loovje?
Wy’t dy’t eagen en earen krigen ha
om de skepping folop gewaar te wurden,
de geast om de natuer te belibjen,
de siken om in lofliet te sjongen,
tankewol foar safolle goedens.
Wês mei harren fan wa’t it sicht
stadichoan achterút giet,
it gehoar net alles mear opheint
en de stim it ôfwitte lit.
Jou harren de krêft en wiisheid
om foar oaren in foarbyld te wêzen,
nettsjinsteande harren beheining
of krekt troch harren beheining.
God, dy’t de minske ta oansjen roppen hat,
de minske mei freugde en fertriet,
minsken mei hert foar oaren
en minsken dy’t harren foar oaren ôfslute,
in minskewrâld mei safolle ferskillen,
God, slaan de earmen om dizze hiele wrâld hinne
en lit jo trou yn ivichheid bestean.
Amen
4. Sjonge
Liet 413: 3
5. Ynlieding
Ast de eagen oer de banken en stuollen glide litst, dan komst ta de konklúzje dat der justjes mear froulju as manlju yn tsjerke sitte. En as ik it goed ha, is de ferhâlding yn de tsjerkerie ek net yn lykwicht: trije froulju en ien man. Wy hoege noch net iens safier yn de tiid werom te gean, lit sizze sa’n heale iuw, dat de tsjerkerie allinnich út manlju bestie. Der binne ortodoks grifformearde tsjerken dêr’t it noch sa is. De man yn de bank en de frou achter it oanrjocht om it sterk út te drukken. En dan ha wy it noch net iens oer de moskee, dêr’t manlju en froulju strang fan elkoar skieden binne.
Jou my dan de Menniste tsjerke fan Drylts mar, dy’t yn de Advintstiid de froulju nei foaren skode: Tamar op ’e earste snein en op ’e tredde …
Is it tafal dat hjoed wer twa froulju yn it sintrum steane? Nee, iksels ha harren net útkeazen, se wurde oandroegen troch ‘De earste dag’, dy’t se op it roaster setten hat. En dan kinst der allinnich mar omhinne ast perfoarst gjin froulju yn de tsjinst ha wolst. Wa bin ik om sa’n kar te meitsjen?
En dat yn Drylts, dêr’t hjoed justjes mear froulju yn tsjerke sitte as manlju.
Boppedat sprekke de beide froulju fan ‘De eerste dag’ my oan. It wie foar harren net samar in dei. De iene rekke yn djippe rou en de oare lei mei hege koarts op bêd. Dagen om nea te ferjitten.
Grif hat elk sa’n dei wolris meimakke. It ferstjerren fan in leave neiste, yngripend en om nea wer te ferjitten hoe’t de lêste siken út it lichem weiglieden. Ik kin it by ús mem noch klear foar eagen krije, de geast wie derút en myn eigen geast rekke betize.
En as sykte op in dei foar master opslacht, it berjocht fan dokter dat er gjin goed berjocht hat, dan rekket de geast ek yn de war.
Wolno, sokke dagen komme yn de Bibel ek foar. Bygelyks yn Sjûnem, dêr’t in mem har deasiik jonkje yn de earms hâldt. Folle letter yn Kafarnaüm, doarp fan treast, dêr’t de skoanmem fan Petrus mei hege koarts op bêd leit.
Libje dan yn Sjûnem en Kafarnaüm de manlju net mei? Jawis wol, dy mannen libje der net samar hinne, fan de iene dei op ’e oare, hinne en wer, altyd itselde paad troch it libben. It binne hillige mannen, apart set troch de Iene, de Alderhillichste, om tsjinstber te wêzen. En dus libje sy mei ynmoed mei, de profeet Eliza mei de mem fan it bern en de profeet Jezus mei de skoanmem fan Petrus.
6. Sjonge
Liet fan it libben: 1 en 2
Wize: Liet 292 (it âlde lieteboek)
Lit ús fan it libben sjonge,
hoe’t him dat foar elk ûntjout,
minsken ha ’t bestean ûntfongen,
soms ûnwis, mar faak fertroud;
al mei jeften wurdt men berne,
brûkber foar in libbenlang,
jong moat men ’t ferskil al kenne
tusken toarteldo en slang.
Harkje nei de frou fan Sjûnem,
hoe’t sy ’t libben ûnderfûn,
dat de jierren gol ferrûnen,
gastfrij hat sy sliepplak jûn,
mar der waard gjin berntsje berne,
yn de wente klonk gjin liet,
sy moast oan de leechte wenne,
stil ferwurke sy ’t fertriet.
7. Ferkundiging 1
It ferhaal fan de frou yn Sjûnem begjint mei de hillige man, de profeet Eliza. As hillige man is er apart setten troch God om it folk de wierheid oan te sizzen. Dêrom kin er net op ien plak bliuwe, want de wierheid moat ferspraat wurde troch it hiele lân, dêrom is er allegeduerigen ûnderweis.
Op in dei komt er yn it doarp Sjûnem en sjocht hoe’t bern bûten boartsje. Iksels sjoch foar my hoe’t de godsman stean bliuwt en yn him omgean lit dat de takomst, útbylde troch de bern, foar him yn beweging is. Miskien kriget er in fisioen út ’e hichte wei: in paradys mei boartsjende bern. En dan is der ynienen dy frou. Grif hat se foar it finster stien en de frjemdling by de boartsjende bern sjoen. Men kin in frjemdling net sa stean litte, want frjemdling, widdo en wees moat men goed behannelje, dat hat se fan Mozes meikrigen, de godsman út it ferline. Dêrom giet se nei bûten en nûget de frjemdling út oan tafel. En dy moeting is de oanset foar alle moetings dy’t noch folgje. De doar giet iepen en wer ticht, sa faak Eliza yn Sjûnem komt.
It rint sels op nijbou út. Want de frou wurdt it iens mei har man dat der in keammerke op it platte dak boud wurdt, tusken ierde en himel yn, dêr’t de godsman nei it rûnom fersprieden fan de wierheid efkes útazemje kin. It amt fan profeet is sa dreech dat er ek wolris bûten siken rekket en wer djip ynazemje moat. En wêr kin er dat better dwaan as boppe de ierde mei it sicht op ’e himel?
Wat hat de gastfrou dat goed oanfield… froulike yntuysje?
De godsman fielt oan dat syn ferbliuw yn de boppekeamer fier boppe de gastfrijheid útriist. Earst stelt er foar om in goed wurdsje te dwaan foar it gasthûs by de kening of de generaal, mar de frou hat net folle op mei machthawwers dy’t fier boppe it gewoane folk útrize. Sy kiest derfoar om op it grûnflak tusken it folk te ferkearen. De godsman, dy’t ferkeart tusken it folk en de Alderheechste, heart de lûden fan de boartsjende bern op strjitte. Hy slacht de eagen op nei de himel en kriget de takomst troch.
Nei’t de frou op ’e bûtentreppen nei boppen klommen is, giet tagelyk mei de doar de takomst foar har iepen. De godsman kundiget oan dat se takom jier in soantsje yn de earms drage sil.
Is it frjemd dat sysels de doar tichtslacht: ‘O nee, mynhear de godsman, meitsje jo tsjinstfaam neat wiis.’
Hoe is it mooglik, sil se tocht ha, dat in wize godsman sa’n falske wierheid ferkundiget. It liket derop dat de doar foargoed tichtslein wurdt. Hoewol’t se fol argewaasje sit, hâldt se de doar foar de godsman dochs iepen. Wat in frou!
8. Sjonge
Liet fan it libben: 3 en 4
Sjoch Eliza by har kommen,
godsman, dy’t de wierheid sei,
koe by har syn moed ferromje,
romme by har út ’e wei
wat it hert al lang beswierre:
langstme nei in eigen bern,
ek hat sy har moed útwierre:
wierheid komt earst nei it sjen.
Doe waard dochs de wierheid berne
yn it libben fan in soan,
lytse gast koe al rap rinne,
mem seach ’t boartsjen glimkjend oan,
ek Eliza liet de eagen
oer de libbensfreugde gean,
gie as godsman wer de wegen
om yn tsjinst fan God te stean.
9. Lêze
2 Keningen 4: 17-21
10. Ferkundiging 2
Yn it bedriuw dat no komt, binne de manlju yn de mearderheid. Alderearst de man fan de frou, dy’t him ferheard ôffreget wat der oan de hân is of leaver mei de fuotten fan de frou, dy’t rap nei bûten rint. It is dochs gjin bysûndere dei, sabbat of nije moanne, dat syn frou sa hastich nei de godsman wol? Hy wit fan gjin drama, dat him op ’e boppekeamer ôfspile hat.
Dan komt harren feint mei de ezelinne foar it ljocht, de feint dy’t troch de frou oanfitere wurdt om it bist drave te litten. Ezels kinne ommers de poaten skrep sette, de kop yn de nekke goaie, achterom sjen út argewaasje dat it by de hichte opgiet. De frou sels wurdt op ’e ezelsrêch hinne en wer skodde tusken djip fertriet om har soantsje, argewaasje fanwege de belofte fan de godsman en hope dat de libbene wierheid op ’e berch Karmel oan it ljocht komme sil. Se moat de hichte yn, no net oer de treppen, mar by de berch op.
Op ’e helling, tusken foet en top, steane de godsman en syn feint. Jawis, ek de feint as helper op ierde. Want fan beide kanten hat in profeet help nedich, fan de ierde en fan de himel. De godsman sjocht de frou oankommen. Hy hat noch neat yn de gaten en stjoert syn feint by it paad del om te freegjen hoe it mei har, har man en it bern giet. It antwurd ‘goed’ klinkt harsels yn de earen as in flok. Wat moat sy oars tsjin de feint sizze? Sy klimt ommers en wa’t nei boppen komt, mei it útsicht op ’e himel, hat neat te kleien. Dat hie se ek net by de treppen op nei de boppekeamer. Want út ’e belofte fan de godsman wei is wier in soan berne. Dat wie by de berte de wierheid, mar no’t har jonkje dea is, klinkt dy wierheid falsk.
As de frou by de godsman is, falt se foar him del en slacht har earms om syn fuotten hinne, sa’t se de earms om har deasike soantsje slein hat om him yn libben te hâlden. Wol se no mei har earms de godsman bewege om it libben werom te bringen?
De feint, dy’t ek net yn de gaten hat wat yn de boppekeamer bard is, fynt it mar in frjemde fertoaning. Sa hâldt men in godsman, dy’t op ’e himel rjochte is, dochs net fêst. As de feint har fuorttriuwe wol, hâldt de godsman him tsjin. Dy help fan de ierde hat er net nedich. No wurdt er him bewust dat de himel him ek net op ’e hichte brocht hat fan it drama dat mem en bern troffen hat. Hoewol’t er op ’e berch ferkeart, hat er gjin ear foar de himel hân. Mar op ditselde stuit hat er dat wol foar de frou. Hy heart har bittere klacht oan: oer de dea en fan ‘ik ha net om it bern frege’ en fan ‘meitsje my neat wiis’.
De godsman stjoert syn feint as helper fan de ierde, it giet ommers by de berch del, nei Sjûnem. De stôk, dy’t him ta steun is, moat libben bringe.
En de mem? In mem moat der dochs by wêze as har jonkje wer út ’e dea riist? Se hat de wurden fan de godsman wol heard, mar hy hat har faker wat wiis makke. Dêr is se wizer troch wurden en dêrom giet se net by him wei. In stôk kin wol ta steun wêze as men him op ’e ierde set, mar de azem as teken fan de geast moat fan boppen komme.
11. Lêze
2 Keningen 4, 31-34
12. Sjonge
Liet fan it libben: 5 en 6
Heit naam mei de lytse jonge
nei it fjild, fier oer it stek,
freugde waard troch eangst ferfongen,
’t jonkje kriich in sinnestek,
mem hat him nei boppen droegen,
yn har earmen is er stoarn,
foar dy wierheid moast sy bûge,
mar wat wier wie, focht sy oan.
Rap liet sy de ezel rinne
by de berch op dêr’t hy wie
dy’t earst skine liet de sinne,
dy’t al gau wer ûndergie;
mei syn azem joech er ’t libben
oan it bern en mem werom,
freugde hawwe sy belibbe,
lykas yn it hillichdom.
13. Lêze
Markus 1, 29- 39
14. Sjonge
Liet fan de skoanmem: 1 en 2
Wize: Liet 912
As it libben swierder wurdt,
dan sjochst faak gjin útkomst mear,
reitsje lea en geast oerstjoer…
wa bringt dan de krekte kear?
Giet foargoed de skoansoan fuort,
achter swalker Jezus oan,
dan is it de skoanmem oer,
sy ferliest mear as dy soan.
15. Ferkundiging 3
Kinne wy it like koart meitsje as Markus mei syn koart ferhaal oer de skoanmem fan Petrus? Ik tink it wol, want koart en rûch sein hat dizze frou de smoar yn. Do silst mar in skoansoan ha dy’t syn boat ferkeapet, har dochter mei de bern yn de steek lit en achter in frjemde fint oanrint. Om siik fan te wurden, sels deasiik, want se hat net sa’n bytsje koarts. As de argewaasje oprint, dan de temperatuer ek. As se yn dy tiid in koartstermometer hân hiene, dan wiisde dy oer de 40 graden.
En dan silst it ek noch belibje dat, nei’t de synagoge leechstreamd is, fiif manlju troch de doar komme. Fjouwer eardere fiskers mei harren foaroanman, dy’t de preek holden hat. Ferwachtsje sy dan ek noch dat de deasike frou foar gastfrou spylje sil?
Of moatte wy dizze besite oars besjen? Hat Petrus Jezus oan de mouwe lutsen, ferlegen mei de situaasje, de argewaasje fan syn skoanmem: ‘Hear, ik wit net hoe’t ik dermei oan moat, ik fiel my skuldich, mar ik kin it net ûnder wurden bringe.’
‘Dan sil ik it dwaan… wa’t syn famylje ferlit, docht dat om’t er My folget.’
‘Mar ik woe der mar mei sizze… kin ik der wat oan dwaan dat skoanmem sa siik is?’
‘It komt net allinnich op wurden oan, mear noch op it dwaan, wat dien wurde moat.’
En doe wiene se oankommen by it hûs fan de skoanmem fan Petrus.
It gerdyn foar it finster sit tichtskood. Der hingje safolle gerdinen foar iepeningen, allegearre om de ien of oare reden tichtskood. Mar sjoch hoe’t Jezus de situaasje iepenskoot, inkeld mei’t er har de hân tastekt, wat Petrus net mear koe en skoanmem likemin. En wrachtich, de temperatuer fan de argewaasje sakket en de sletten eagen fan de frou geane iepen: dêr stiet gjin frjemde fint, mar in man dy’t apart stiet yn har beheinde romte, in hillige man, in godsman. Se komt oerein, út har isolemint wei. It duvelske dilemma dat har platlein hat, famylje of apart stean, is oplost. Se hie by wize fan sprekken de duvel yn, sa grimmitich wie se.
Mar no’t se opstien is om wer folop te libjen, komt se út de macht fan de duvel wei en wurdt as gastfrou tsjinstber as in ingel. De earste diakonesse yn neifolging fan Jezus is berne.
16. Sjonge
Liet fan de skoanmem: 3, 4, 5 en 6
Siik op bêd mei hege koarts,
dwylt sy oer in grut ferlies,
better wurde is in toer,
har gefoel komt yn de tiis.
Swalker Jezus’ fêste koers
is nei minsken lykas har,
Hy jout oan it libben stjoer,
bringt ferliezers wer yn ’t far.
Troch syn hân komt sy oerein,
fielt gjin argewaasje mear,
samar is har gleonens oer,
mei har skoansoan komt it klear.
Is de koarts foargoed ferslein,
dan is tsjinst de krekte kar,
achter Jezus oan, Hy stjoert
skoansoan Petrus en ek har.
17. Ferkundiging 4
Twa froulju, twa gastfrouwen, tsjinstber foar twa godsmannen. De frou fan Sjûnem foar de profeet Eliza en de frou yn Kafarnaüm foar de hillige man Jezus. En as de kniper op ’e skine komt, as it derop oan komt, dan komme de godsmannen foar it ljocht. Eliza mei syn hiele lea en azem, de geast, Jezus brûkt allinnich mar syn hân, dy’t ta opstean, ta opstanning lûkt.
Wat in wikselwurking tusken dizze frouwen en dizze godsmannen! De doarren en gerdinen geane iepen en der folget in stream fan de himel nei de ierde en werom. Fan de himel út komt it libben mei de geast en fan de ierde ôf de tankberens foar it nije libben.
No soe noch in preekje folgje kinne foar Drylts en de wrâld, mar dat bart net. Lit my allinnich dit noch sizze: út gemis wei komt myn djipste langstme, nammentlik it op gong kommen fan dy beide streamen, foar de wrâld, foar jim as Menniste gemeente fan Drylts en foar mysels. Lit dy wikselwurking tusken himel en ierde, godsmannen en minsken hjoed de dei wer mear en mear opljochtsje.
Amen
18. Oargel
19. Sjonge
Liet 863: 1, 2, 3, 4, 5 en 6
20. Us Heit
Us Heit yn ‘e himel,
lit jo namme hillige wurde,
lit jo keninkryk komme,
lit jo wil dien wurde
op ierde likegoed as yn de himel.
Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou ús ús skulden,
sa’t ek wy ús skuldners ferjûn hawwe;
en lit ús net yn fersiking komme,
mar ferlos ús fan ‘e kweade.
Want fan jo is it keninkryk
en de krêft
en de hearlikheid
oant yn ivichheid.
Amen
21. Sjonge
Liet 704: 1, 2 en 3
22. Seine
Nei’t wy fan it libben songen ha,
nimme wy ôfskie fan dizze tsjinst
om sels yn de wrâld te tsjinjen
mei de seine fan God de Heit,
mei de leafde fan Kristus de Soan
en de ynspiraasje fan de Hillige Geast .
23. Sjonge
Liet 415: 3
november 26, 2018
november 4, 2018