Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Tsjinst ‘Fan en nei hûs’

Religy
PDF Print E-mail
Tsjinst op 9 novimber 2008 op De Jouwer

Image

1. Tarissing

Yn dizze tiid fan ferfrjemding,
fan oeral om ús hinne krisislûden
as ferkearden wy yn ús eigen hûs
en wenplak yn ballingskip,
roppe wy de Heare oan
dy’t himel en ierde skepen hat,
dy’t trou is oan syn skepping
en dy’t stiet foar it wurk
dat Hy op Him nommen hat.
Amen

2. Sjonge
Psalm 118: 1, 2 en 3

3. Ynlieding op ‘e tsjinst

Krisis? Wat krisis!
Wy binne fan ‘e moarn fan hûs gien
en geane nei de tsjinst wer nei hûs.
In libben yn frijheid mei it Wurd.
De Joaden sizze dan mei de Toara.
Wat in seine, gjin krisis dus,
want Hy is trou oan syn skepping
en stiet foar it wurk
dat Hy op Him nommen hat.

Mar dochs…
Wy songen:
Doe’t heidenfolken my bedrigen
en my bekrongen ien en mien…
Is it net krekt as binne wy yn Babel?

Ik siet oan alle kant yn ’t lijen…
Is it net as hearre wy Jona yn de djipte?

Kom minsken, gean út Babel wei, nei hûs.
Kom op, Jona, jou dy op ‘en paad nei Ninevee.

Fan hûs en nei hûs,
dêr giet de tsjinst oer.

4. Sjonge
Psalm 118: 5

Image
Hebrieuske letters, makke troch mefrou Raadsveld

5. Bea

Us Heit, dy’t stiet foar it wurk
dat Jo op Jo nommen ha.

Wy witte dat in protte fan it wurk
op dizze ierde net liket op Jo wurk.
Wylst it hjir faak giet om jild en macht,
hieltyd mear en grutter,
is it wurk fan jo hannen in skepping
dêr’t frede, harmomy en leafde hearskje.

Wylst hjir it wurd fan de sterkste
foar master opslacht,
sprekt jo Wurd, Toara, fan it rjocht
fan widdo, wees en frjemdling.

Wylst hjir de ynklauwers op ‘e beurzen
har de kiel heas skreauwe om hurde faluta
en bûtersêfte oandielen,
sûzet de sêfte koelte fan Jo troch de blêden
fan it paradys.

Us Heit, wy wolle wol witte
dat wy faak klam sitte
tusken jild en leafde,
tusken de sterkste en de swakste,
tusken beurs en paradys.

Wy bidde mei ynmoed
foar in wrâld fan leafde,
dêr’t de swakke ta syn rjocht komt,
want sa ljochtet it paradys op.

Wy bidde mei ynmoed
foar dy’t yn Babel sitte,
de ballingskip fan sykte, rou en iensumens.
Hear, dat se thúskomme meie.

Wy bidde mei ynmoed
foar alle tsjintwurdige Jona’s,
dat sy út ‘e meunsterfisk komme
om op ‘en paad te gean, fier fan hûs,
nei de hjoeddeiske Ninevees.

Want jo heil rint nei de úteinen fan de wrâld,
nei alle folken.
Amen

Image

6. Lêze
Jesaja 48, 17-21

7. Sjonge
Liet 224: 1, 2, 3, 4, 5 en 6

8. Lêze
Jona 1, 1-6

9. Sjonge
Liet fan Jona: 1, 2 en 3
Wize: Liet 445

Jona, fûgel fan de frede,
do dy’t nei de fierte fljocht,
wie in man fan sljochte rede,
boppedat hie hy gjin nocht,
socht de see om fier te farren,
dreamde wei op hege baren,
bylden fan wer foet oan lân,
mar ferfoel yn seemanshân.

Jona, fisk yn ’t wâljend wetter,
foar it meunster inkeld proai,
wie doe wei en wist net better
of hy libbe bûten roai,
mar syn ropping om te fleanen
nei de stêd fan al it skeane,
klonk wer, no oer ’t fiere strân,
net oer ’t wetter, mar oer ’t lân.

Jona, ropper yn de strjitten,
kearde om de kweade stream,
hat doe dûbelsinnich sitten
ûnder wûnderfolle beam,
mar syn eigen keale siele
koe net yn de freugde diele
fan it fleanend Ninevee,
folk fan God fier fan de see.

Image

10. Ferkundiging 1

Nei hûs

Hawwe jim jim wolris ballingen field? …
It is makliker om antwurd te jaan op ‘e fraach fan in healjier – wa hat toarst? – as op dizze fraach.
Froulju dy’t it hûs ûntflechtsje, om’t se mishannele wurde, kinne dêr wol oer meiprate. Sy fiele it geweld op ‘e hûd en komme yn in frjemde omjouwing telâne. En dat is no krekt ballingskip: troch geweld ferfrjemdzje, de fertroude grûn ûnder de fuotten ferlieze, by de boarne weiskuord wurde (it libbene wetter: it fertroude wurd fan dyn neisten of it libbene wurd fan dyn leauwen).
Mar betsjutte sykte, rou en iensumens soms ek net ballingskip? Troch it geweld fan pine fan lichem en geast ferfremdzje.
As ik de fraach no wer stelle soe: hasto dy wolris balling field?

De skiednis sit grôtfol mei ballingen.
Wat tinkt jim fan de miljoenen Joaden dy’t yn de Twadde Wrâldoarloch mei geweld nei de konsintraasjekampen fierd binne. Troch geweld ferfrjemde…

Wat tinkt jim fan de miljoenen negers dy’t ûnder minskûnweardige omstannichheden út Afrika fierd binne om har fierdere libben yn Amearika as slaaf te bodzjen. Troch geweld ferfrjemde…

Wat tinkt jim fan de tûzenen Joaden dy’t yn 586 foar Kristus troch kening Nebukadnezar fan Babylonië nei it easten fierd binne. Troch geweld ferfrjemde…
Dêr sieten se oan de streamen fan Babel, de Eufraat en de Tigris, itselde gebiet dat foar Adam en Eva it paradys west hie. Mar de ballingen hongen de liere oan de wylgen, want sy seagen it net mear sitten, de takomst wie tichtslein.
Hiene se it troch hoe’t it kaam dat se by de boarne weiskuord wiene: it libbene wetter, it plak dêr’t de Toara foarlêzen en útlein wie, mar ek dien…? Of moast in profeet yn Babel opstean om har dat te fertellen?
Jesaja, wy harkje: ‘Ik, de Heare dyn God, Ik lear dy wat ta dyn eigen bêst is en Ik stjoer dy de wei lâns dyst te gean hast. Och hiest mar nei myn geboaden harke, dan wie it in stream fan heil foar dy wurden.’
Dus dat wie it Jesaja, do profeet, waans namme betsjut: de Hear jout heil. It folk hat by de Toara, de stream mei libben wetter, lâns libbe. Se ha der net fan dronken. Sa is it ferfrjemde fan it heil en doe’t it geweld fan Nebukadnezar der noch bykaam, ferfjemde it hielendal. It ferlear de fertroude grûn ûnder de fuotten.
Mar wat seist noch mear, Jesaja? Meie se út ‘e ballingskip weibrekke, troch de woestyn weromgean nei hûs, nei Jeruzalem, it plak fan de Toara? En hoege se gjin toarst te hawwen, om’t it wetter út ‘e stienrots opwâlet, lykas doe mei Mozes? En giet it libben troch yn harren bern, man- en froumachtich as de sânkerrels? Yndie Jesaja, de Hear jout heil, dyn namme seit it al.

As wy dan de skiednis fierder trochgean, foarút, dan witte wy ek dat de negerslaven yn 1863 harren frijheid weromkrigen ha. En dat Martin Luther King in dream hie foar alle negerbern. En dat de donkerhûdige Barack Obama presidint wurden is fan de Feriene Steaten fan Amearika.

As wy dan útkomme by de Twadde Wrâldoarloch, dan wurde wy stil, Jesaja, want wêr wie it heil foar de seis miljoen dy’t yn de kampen omkommen binne? Hoefolle bern wiene dêr wol net by? As de sânkerrels… Wat seist, Jesaja? Dat it folk fan God nei de Twadde Wrâldoarloch út alle hoeken fan de ierde weromkommen is nei Israel. Ut ‘e ballingskip werom nei hûs, nei de Toara, it libbene wetter. In tiid fan heil.

En wat hast oer ús te sizzen, Jesaja, wy dy’t soms ek ballingen binne? Dat sykte, rou en iensumens net it lêste wurd ha, mar dat wy thúskomme meie yn in libben dêr’t wy wer heil yn sjogge, ek al wurde wy net wer better en bliuwt it gemis. Hoefolle minsken hawwe der wol net west, ek yn dizze gemeente, dy’t dêr it ljochtsjende foarbyld fan wiene of noch binne. Miskien bisto der sels wol ien fan. In minske dêr’t oaren har by thúsfiele, omdatsto sels thúskommen bist út dyn eigen ballingskip wei en libbest boppe dyn sykte en gemis út. In minske fan heil, in hiel minske.

Image

11. Sjonge
Liet ‘Nei en fan hûs’: 1
Wize: Liet 330

De Hear rôp op syn feint Jesaja:
‘Rop op nei hûs wa’t balling is,
lit klinke oan de ierde-ein ta
dat ivich bliuwt myn leafde wis.’
Lit ús dan brekke út ‘e bannen
fan soarch om lijen en gemis,
de oerstek dwaan troch toarre lannen
nei hûs dêr’t libben wetter is.

12. Ferkundiging 2

 Fan hûs

Hawwe jim dat as bern ek wol hân? Utfanhûs by pake en beppe of omke-en-dy en de jûns sa ûnwennich as Jona yn Jafo? Fan hûs, mar dochs…
Wat Jona oanbelanget, moatte wy noch fierder werom yn de tiid as doe’t kening Nebukadnezar it folk fan God yn ballingskip fierde. Net de Babyloniërs wiene yn de achtste ieu foar Kristus, doe’t Jona libbe, de baas, mar de Assyriërs. Har machtige haadstêd hiet Ninevee. Yn de tiid raasde de ferkeardens fan de ynwenners oan de himel.
Jona, waans namme do betsjut, waard roppen om derhinne te fleanen: ‘Fan hûs, Jona, do man dy’t wit fan de Toara, want de Ivige is der net allinnich foar syn útkard folk, mar foar alle folken op ierde.’
Jona’s hert slacht him yn de kiel. Moat er oer de fertroude grinzen fan syn hûs hinne, sels fan syn lân? Hy wit noch fan gjin ballingskip, troch geweld ferfremdzje. Mar hy moat wol fan hûs. Oan geweld kin er net ûntkomme, mar wol oan in rop, syn ropping, sa sjit it troch him hinne. Dêrom giet er wol oer grinzen hinne, oer dy fan syn hûs, fan it heuvellân oant er yn Jafo, de havenstêd komt. Stel dy foar dat er yn in noch gruttere stêd as Jafo it folk taroppe moat. In gefoel fan ferfrjemding bekrûpt de profeet… de ûnwennige do yn Jafo fladdertet nei de haven. Mar dat is noch mar in swak gefoel fan ferfrjemding, want hy kin him noch rêstich deljaan yn it rom fan it skip dêr’t er as passazjier op boekt hat.
Dan begjint it wetter te wâljen, net it libbene wetter út ‘e rotsen dat de toarst ferslacht, mar it wetter as gaos, as teken fan de dea, slacht tsjin it skip, kriget Jona derûnder en sleept him nei de bek fan it ûnderwettermeunster. En yn it djipste fan it djipste, yn de soere ballingskip fan de meunstermage, leit Jona alhiel ferfrjemde. It liket as binne nei Jona’s flecht oer see alle flechten annulearre, gjin flecht mear nei Ninevee en alhiel gjin thúsflecht mear.
Mar Jesaja hat wol in boadskip foar de do: ‘Ik lear dy wat ta dyn eigen bêst is en Ik stjoer dy de wei dyst te gean hast. Och hiest mar nei myn geboaden harke, dan hie it in stream fan heil foar dy wurden.’
Heil foar dy, Jona, as man fan de Toara, en heil foar Ninevee as stêd fan de folken, om’t de ynwenners har omkearden en thúskamen út har ferdoarne ballingskip wei.

Wy geane fan de achtste ieu foar Kristus werom nei ús eigen tiid en harkje op ‘e nij nei it Jonaferhaal:
De Heare liet Jona, de soan fan alle wrâlddielen, dit wurd takomme: ‘Jou dy op ‘en paad, gean nei Wallstreet, dy grutte Mammonbeurs dy’t stiet foar alle kwea op ierde, en sis har oan dat de ferkeardens by harren sa heech oprûn is, dat Ik it net oer de holle sjen kin.’
En Jona dûkte ûnder yn de see fan minsken, it incognito, dat de Heare him mar net fine soe. Doe raasde oer alle wrâldseeën in stoarm as gefolch fan in djippe depressy, mar it skipsfolk hold oan board wat yn har eagen fan wearde wie mei it each op tiden fan in heger rendemint. En Jona hold him sliepende en wegere om de kening yn it Wite Hûs en de ûnderkeningen yn alle oare Blanke Huzen op ierde it Wurd fan de Heare oan te sizzen.   

Hjir stiet er hjoed foar jim, ien fan de Jona’s fan 2008, dy’t him ferskûle yn de see fan minsken. Hied er dan nei Wallstreet moatten? Wa wit, mar hy hat ek amper in oare aksje ûndernommen. Gjin e-mail mei in protest nei it Wite Hûs stjoerd, gjin petear oanfrege mei ûnderkening Balkenende of gewoanwei in protestmars organisearre, earst fan hûs ôf en oan de ein fan de dei wer op hûs oan. Want dat binne de beide rûtes dy’t wy yn ús libben folgje moatte: fan en nei hûs ta.

En ast siik, handicapt of âld oan hûs bûn bist? Dan noch kinst mei dyn hâlding en wize wurden oaren sa ynspirearje dat sy dy de wrâld oerbringe. Fleanend as in do fan hûs en weromkommend mei it wurd fan Jesaja: de Heare jout heil.
Amen

Image

13. Sjonge
Liet ‘Nei en fan hûs’: 2

De Hear rôp op syn tsjinstfeint Jona:
‘Ferlit dyn hûs en gean op wei
nei Ninevee, nei ’t folk fan ’t kwea ta,
dat ljochtet wer in nije dei.’
Lit ús it eigen hiem ferlitte
en tsjûgje fan in oare wei,
dat neisten fan de rûte witte
nei fiersten foar de ommeswaai.

14. Us Heit

Us Heit yn ‘e himel,
lit jo namme hillige wurde,
lit jo keninkryk komme,
lit jo wil dien wurde
op ierde likegoed as yn de himel.
Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou ús ús skulden,
sa’t ek wy ús skuldners ferjûn hawwe;
en lit ús net yn fersiking komme,
mar ferlos ús fan ‘e kweade.
Want fan jo is it keninkryk
en de krêft
en de hearlikheid
oant yn ivichheid.
Amen

Image

15. Sjonge
Ik fiel Jins wyn hjoed waaien, God: 1, 2 en 3

Ik fiel Jins wyn hjoed waaien, God,
en heech set ik it seil.
Tehaav’ne is ’t, mei skom bespat,
mar ‘k hoopje op Jins heil!
Te roere stiet Jins eigen Soan,
Hy stjoert nei feil’ge ree.
Ik doar mei Him de reis wol oan
oer wylde, hege see!

De triennen dy’t ik skrieme moast,
binn’ droege fan Gods wyn;
ik wit net mear hoe ‘k stúmje doarst
oer muoiten lang ferlyn.
No haw ik nije libbensmoed
en fêst is myn beslút:
ik fiel Gods winen waaien hjoed
en syl de haven út.

O, lit my nea ferjitte, Hear,
hoe’t my Jins leafde laat;
lit foar my stean hoe dearlik sear
Jins holle kroane waard.
Oan Jo betrou ik my alhiel
by ’t oangean fan de reis,
no’t ik Gods winen waaien fiel:
lied Jo my ûnderweis!

16. Seine

Wy sille no de haven út
mei yn de earen noch de wurden
fan de Toara – fan en nei hûs –
en mei de seine fan God de Heit,
de leafde fan Jezus, de Soan
en de ynspiraasje fan de Hillige Geast.

17. Sjonge
Liet 456:3

Image

 

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum