Willem Tjerkstra’s thússide
admin

In memoriam Aleksej Navalny

Polityk

fan ûnbekend*

Hy wie de dissidint
dy’t loek it rjochte spoar
fan ’t Kremlin nei de Swarte See,
fan machtsmisbrûk nei it paleis,
bewenne troch de wrede tsaar,
hy wie oanhâldend ûnderweis.

Hy hold syn krústocht fol
tsjin wa wie feodaal
korrupt op elk swart Russysk stee,
syn motto naam er mei op reis:
oplichters, dieven mei elkoar,
hy wie oanhâldend ûnderweis.

Hy wie foar ’t frije wurd,
loek rjocht it kromme spoar
fan ûnderdrukking elk idee
dat yngie tsjin wat Moskou sei,
sa rûn syn libben grut gefaar,
mar dochs bleau hy mei moed op wei.

Hy wie bestân tsjin gif
en ’t giftige ferhaal
fan rjochters mei de macht yn see,
sa stie syn libben iiskâld faai,
útwiske waard syn rjochte spoar,
mar net wat liet er oaren nei.

* Foto ‘Aleksej Navalny’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum