maart 31, 2024
fan ûnbekend*
It nijs komt út it easten
dat it westen fia him berikt
dy’t demokratysk keazen is,
mar diktatoriaal bestjoert…
in swarte krie dy’t frede koert.
De krie fret fierwei ’t measte
út it easten wei, wat him berikt
by slingerjende paden lâns,
hy skrast it nep-nijs ’t westen oer,
wat rynsk beleanne wurdt mei foer.
Lit net de krie de earste
wurde, wat er sels it leafst berikt,
dan giet it demokratysk mis,
wurdt diktatoriaal bestjoerd
troch ’t rôfbist dat fiktoarje koert.
Foto ‘Swarte krie’
november 17, 2024
november 10, 2024