juni 16, 2024
fan ûnbekend*
fan Piet Mondriaan’**
Net daliks is men wrâldferneamd,
der is in lange wei te gean
fan iepenstean nei nije styl,
dy’t streekrjocht oansprekt mei de kleuren
fan primêr út eigen siel.
Piet Mondriaan waard net beneamd
as skilder mei in atelier,
syn wei rûn by mear banen lâns:
fan lesjaan oant ferplicht ûntwerpe,
sekundêr griep hy syn kâns.
Syn skilderjen nei de natoer
joech him de kâns foar syn bestean,
mar net de ynspiraasje foar
streekrjocht te gean foar kleare kleuren,
sa feroare hy fan kar.
Hy joech him oan de stylkar oer
fan rjochte streken en primêr
de kleuren, nea hie yn de wrâld
it folk op doek foar eagen krigen
foarmen, kleuren mannichfâld.
* Foto ‘Piet Mondriaan’
** Skilderij ‘Komposysje yn read’
juni 14, 2024
fan ûnbekend*
De draken fan de bergen
fjurje dêr har grime út
oer folk yn hierspjeldbochten,
dat net gau skrikt fan gefaar,
sa wurde draken ferge
om te fjurjen op ’e Sanipas.
De pas rint nei de hichte
tusken Drakensbergen troch,
in wei mei hierspjeldbochten
dy’t sjauffeurs útdaagje ta
lavearjen sûnder plichten
as koereurs rap op ’e Sanipas.
Mar wêrom soe men ride
tusken Drakensbergen troch
om oars net waar te nimmen
as de bochten mei gefaar
om fan it paad te gliden…
genietsje fan de Sanipas.
* Foto ‘Sanipas tusken
Súd-Afrika en Lesotho’