juni 18, 2024
fan keunstner út Ruslân
As profeet kriich ik in opdracht
dy’t dûbel op my oerkaam:
tagelyk in opdracht foar de striid,
dêrnei de deastraf… út ’e tiid.
Yn dy tiid kriich Gog de opdracht
as grutfoarst op te tsjen tsjin
Israel mei hiel syn legermacht,
bûnsmaten joegen daliks acht;
folken dy’t it mei him holden,
marsjearren mei syn leger
op mei helm en swurd en spear en skyld
nei ’t lân dat lei foarhinne wyld
derhinne, mar te boppen
is ’t folk úteinlik kommen
dat troch God de Hear útkeazen is…
de tiid fan Israel is wis.
* Yllustraasje ‘Gog fiert syn leger oan’
juni 17, 2024
Hy hat nochal ferbylding
op ’e hichte fan it plak
om alles oer te sjen,
sa is er fan betinken
dat him neat ûntgiet,
hy macht hat oer de wrâld
dy’t yngiet op syn winken
fan ‘jou oer wat my befalt’,
wat grau is, lit him kâld.
Hy is it byld dat oanjout
hoe’t men op ’e wrâld fier rikt
om nei it plak te sjen
dêr’t swart it blanke blinke
lit, want neat ûntgiet
de wrâld fan wat men jout
oan djipgeand suver tinken
oer wat elkenien befalt
dy’t op ’e oar fertrout.