Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Mearkleurich

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Sjoch Petty Harbour feilich lizzen
ûnder hichten grien fan hoop
op telefyzjestjerren,
bringend bylden oer de wrâld,
mei wurden is it min te sizzen.

Earst wie ’t in skûlplak foar piraten,
útfalbasis read fan bloed
dat sy foar eagen hiene
as sy makken seelju kâld,
mei har foel dan net mear te praten.

Sjoch Petty Harbour mei toeristen
by de stream lâns, spegeljend
de blauwe loft mei wolken;
Petty Harbour-Maddox Cove
foar kristenen en ateïsten.

Foto ‘Petty Harbour-Maddox Cove’

 

admin

Stil

Keunst

fan anonym*

It fielt hiel sêft
en kin wat sizze,
sy wit it wis,
sil daliks hearre
hoe’t it samar foel,
’t lei op ’e grûn,
sy liet it sa net lizze.

It bliuwt hiel stil,
soe ’t net mear witte
wat fleanen is?
It leit te sliepen
sa’t sy nachts ek docht,
net op ’e grûn…
kin sy it fleane litte?

It fielt net goed
om neat te sizzen,
want wat der is,
kin sy net witte
as it neat mear seit…
’t lei op ’e grûn,
sil sy it dêr wer lizze?

* Skilderij út ’e earste helte
fan de 16e iuw




Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum