augustus 27, 2020

fan Joachim Beuckelaer*
Griente, fruchten, fleis en drank,
fazant, kalkoen en oan in trie
sjongfûgeltsjes dy’t nea wer sjonge,
yngrediïnten foar it miel,
de gasthear moast wol ta de ponge.
Nûge hat er grif in ploech
fan mear as tritich, want hy wie
ferneamd by âlden en by jongen,
naam oan it goede libben diel,
dêrby hie hy in rappe tonge.
Mar sjedêr, it is net wier,
de poarte rjochts lit trije sjen,
it binne Kristus en de gongers
nei Emmaüs, in lyts gehiel,
perfoarst gjin ploech fan dronken sjongers.
Fjouwer minsken, ynklusyf
de gasthear, oan it rynske miel,
se ha foar trije dagen iten,
dochs gie ’t oan tafel om de siel,
te flechtich om sa yn te biten.
* Joachim Beuckelaer (sirka 1533-1574)
Skilderij ‘Keukensêne mei Kristus
en de Emmaüsgongers’
augustus 26, 2020
fan Hans Memling*
In wite troan kaam my foar eagen,
dêr de Rjochter op, foar syn gesicht
gjin himel en gjin ierde mear,
mar inkeld boeken, doe noch ticht.
It deaderyk joech earst de deaden
oer, lykas de weagen fan de see,
sa kaam der yn de dea in kear,
se stiene foar it oardiel ree.
Doe sloegen alle boeken iepen,
dat fan ’t libben kaam der ek noch by
foar ’t oardiel: straf de ien en ear
de oar, de lêste rekke frij.
It deaderyk waard yn de fjoerpoel
keild, wat trochgiet foar de twadde dea,
dêr kamen alle kweaden gear,
foar har wie fjoer it deistich brea.
* Hans Memling (sirka 1430/1440-1494)
Trijelûk ‘it lêste oardiel’
