Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Kephalos en Prokris

Mytebylden

fan Paolo Veronese*

Sy holden djipgeand fan elkoar,
Kephalos en Prokris;
goadinne Eos fan de dage
kaam dertusken, fûn by him gehoar.

Sy rekken dêrom út elkoar,
Kephalos en Prokris;
hy krige spyt en kaam mei fragen
by syn frou: gie sy ek mei in oar?

Dus spile hy in oare rol,
Kephalos nei Prokris;
sy liet har troch ‘dy man’ behage,
doe’t it útkaam, skeat it by har fol.

Fertrouwe koe sy him net mear,
Kephalos liet Prokris
allinnich, gie op jacht, sy folge
him, doe smiet hy nei in proai syn spear.

De proai wie net in rekke dier,
Kephalos hie Prokris
de dea oandien, hy waard oanklage,
syn ferballingsoard lei withoefier.

* Paolo Veronese (1528-1588)
Skilderij ‘Kephalos en Prokris’


admin

Ek mar in minske

Keunst

fan Aleksej Aleksandrovitsj Volter*

Sjedêr de sterke Sovjetminske,
wurker yn de nije tiid
fan fjoer dat bûcht it hurdste stiel,
syn eachopslach sjocht wiid en siid,
hy kiest mar ien út tûzen winsken.

Syn kar falt op ’e sterke spieren
foar de moker op it stiel,
sadat it fjoer spat út ’e rails;
it lichem stielet sa de siel
om foar de wrâld de steat te sieren.

Hoe lang kin hy syn tûzen winsken
ûnderdrukke foar de steat,
dy’t him ferheget ta in held
fan inkeld wurk en fierder neat,
op ’t lêst is hy ek mar in minske.

* Aleksej Aleksandrovitsj Volter (1889- 1973)
Skilderij ‘Stjitarbeider/Bouwer fan it sosjalisme’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum