Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Kimon

Mytebylden

fan ûnbekend*

Hy hie de kriichsnocht fan syn heit,
dy’t wûn de slach by Maraton,
mar letter dochs it pleit ferlear
en yn de finzenis belâne…
Kimon hat syn lyk befrijd
en joech him mei dy slach de ear.

De soan hie nocht oan polityk,
mei Sparta sleat hy in ferbûn,
sadat Athene frede kriich
fan ’t sintrum nei de râne,
oeral waard wer folop boud…
sa wûn de stêd mei stien de kriich…

… dêr’t Kimon rynsk it jild foar joech
as pommerant mei kapitaal,
dat hy ek stiek yn blêd en blom,
foar’t folk de griene sône,
dêr’t hysels net komme mocht…
ferballe waard er, fuort syn rom.

* Byld ‘Kimon’

admin

Maskerade

Keunst

fan James Ensor*

As ’t libben fluch ferrint,
net troch de tiid, mar foar ’t gefoel,
dan sjocht men yn de spegel
dat de geast him net fersint.

De frou wol ’t sa net ha,
de holle fol mei teareboel,
mei ’t âlder wurden regel,
’t giet sa op it lêste ta.

De geast komt yn ferset,
foar ’t lêste stelt er him in doel:
maskearje al dy tearen,
’t is foar kreazens net te let.

Se komme foar it ljocht
yn kleur, fan waarm nei justjes koel,
sa komt sy foar de hearen,
maskerade is har nocht.

* James Ensor (1860-1949)
Skilderij ‘Alde frou mei maskers’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum