september 20, 2020

fan Vladimir Tatlin*
Nei trije jier wie ’t lijen oer
fan boargers dy’t yn oarloch wiene:
’t nije Ruslân kleure read
mei as symboal de Tatlintoer.
Al draaiend gie ’t de hichte yn
sa’t kommunisten it graach seagen,
Ruslân waard in sovjet-steat
mei altyd folop sinneskyn.
Hy draaide lykop mei de tiid
op ynternasjonale weagen,
waard troch freon noch fijân keard,
sa op ’e top wie ’t útsicht wiid.
Foar wa’t net draaie woe, begûn
it lijen op ’e nij, sy diene
’t yn de nije steat ferkeard
en kamen fallend op ’e grûn.
* Vladimir Tatlin (1885-1953)
Model ‘Tatlintoer’
september 19, 2020

fan Gustave Doré*
As Preker gean ik troch de tiid,
hoewol’t ik ’t leafst net preekje wol,
neam my mar timpellearaar,
want ik lear ek yn dy rol.
In soan fan David bin ik ek,
de kening fan Jeruzalem,
syn geast is oer my kommen,
dat ik sprek ek neffens him.
As soan bin ik gjin Salomo,
dy’t bea om wiisheid foar ’t belied
om oer syn folk te fieren,
soms kaam ’t wurd net ta de died.
Nei wiisheid socht ik libbenslang,
heech yn de loft en op ’e grûn,
op elke wiffe wize,
mar wat ha ik sa al fûn?
Yllustraasje ‘Preker’