Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ferdield Ierlân

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

Ire, grime om ’t ferline,
ûnderdrukking troch de steat
dy’t oer weagen hearskje woe
yn alle dielen fan de wrâld,
it Britske ljocht soe oeral skine.

Ierlân ien? It moast yn dielen:
’t suden waard in republyk,
it noarden bleau by Ingelân,
’t wie katolyk tsjin protestant,
it Ierske eilân mei twa sielen.

Grime lôge troch de jierren
yn it noarden, katolyk
woe hearre by de republyk,
in lûde flok foar protestant,
it Britske ljocht kaam swak fan fierren.

* Kaart ‘Ierlân’


admin

Fertriet út wiisheid

Bibelbylden

fan ûnbekend*

As preker wie ik foarst fan Israel,
ik lei my nammentlik op wiisheid út,
gie troch it libben mei dy namme,
mar it kaam net ta in einbeslút.

Mei iepen eagen gie ’k op ûndersyk
nei wat der allegearre wol net wie
op ierde, tusken grûn en himel,
’t wurk wie swier, ik kaam net út ’e rie.

Wat altyd krom west hat, wurdt grif net rjocht,
wat foar it each net is, telt ek net mei,
dy wiisheid ha ik fûn, wat mear is
as in kening earder goed foar sei.

Ut wittenskip en dwaasheid kaam foar ’t ljocht
dat ik allinnich mar de wyn neijei,
mear wittenskip jout noch mear lijen,
gâns fertriet komt út ’e wiisheid wei.

* Foto ‘Fertriet’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum