oktober 2, 2020

fan Gerrit van Honthorst*
Kroisos, kening fan de Lydiërs,
baaide yn syn rykdom om,
tocht: dêrom kin ik elk oerwinne,
lokkich bin ik troch myn rom.
Solon kaam by Kroisos yn ’t paleis,
waard syn skatten dêr gewaar,
syn rykdom soe net winne kinne
fan it lok, joech soms gefaar,
wie Solons antwurd op ’e fraach fan Kroisos.
Tellos fan Athene wûn it lok
troch syn ienfâld, wie in held,
ferlear it libben op it slachfjild,
mar syn libben hat wol teld,
wie Solons antwurd op ’e fraach fan Kroisos.
Kroisos, kening fan de Lydiërs,
gie de striid oan, heech de kop,
ferlear de slach en ’t rike libben,
brânde oan de krún ta op.
* Gerrit van Honthorst (1590-1656)
Skilderij ‘Solon en Kroisos’
oktober 1, 2020

fan ûnbekend*
Wat moast ik kenne en wat kinne,
kennis opdwaan om dêrnei te dwaan
wat út ’e wittenskip weikaam?
Uteinlik soe it my neat jaan.
It gie ynienen troch my hinne:
soe genietsje my foldwaning jaan?
Dus meitsje wille, want dan witst
dyn slach de oeren troch te slaan.
Mei laitsjen koe ’k de slach net winne,
ûnsin, want sa kaam it op my oer
en wille makke ek neat út…
genietsje hie in koarte doer.
De wyn dan mar, dat moast wol kinne
sûnder dat ik dronken wurde soe;
de dwaasheid kaam men sa benei
om út te sykjen wat noch koe…
… foar minsken dy’t it goed ha wolle
yn it koarte skoft fan hjir op wei.
* Yllustraasje ‘Laitsje’