oktober 4, 2020

fan Erich Mendelsohn*
‘Organysk,’ wie it kommentaar
fan Einstein by de iepening,
‘ik sjoch de foarmen floeien.’
De wittenskipper wie optein,
it keunstwurk rekke mannich snaar.
De tiid is oan de romte bûn,
sa wol de relativiteit,
de teory fan Einstein;
der is relaasje ûnderling,
lykas de dei lûkt nei de jûn.
Gjin teory is samar wier,
de toer moast soargje foar ’t bewiis
troch stúdzje fan de sinne;
it gie úteinlik om it feit,
gjin tiid en romte foar ’t fertier.
Wol binne keunst en wittenskip
ferbûn mei Einsteins rûne toer;
sa’t foarmen floeiend rinne,
is foar it each de werklikheid,
mar wittenskip hâldt wol de grip.
* Erich Mendelsohn (1887-1953),
arsjitekt fan de Einsteintoer
oktober 3, 2020

fan ûnbekend*
Wat ik allegearre dien ha,
is mear as wat ik trochjaan kin:
ik boude huzen, plante wyngerds,
tunen, parken lei ik oan,
dêr kamen noch de beammen by
dy’t alle jierren fruchten droegen…
no sa!
Om de beammen te befloeien,
woe ik mear wetterfivers ha;
ik kocht ek slaven en slavinnen,
sleepte grutte keppels oan,
it wiene allegearre kij
en skiep, dy’t jiers de jongen droegen…
no sa!
Goud en sulver liet ik komme,
ik woe fan foarsten skatten ha
om alle jierren mear te winnen;
sjongers troffen krekt de toan
fan manlju nei de froulju frij,
dy’t sy net lang op hannen droegen…
no sa!
Wat myn eagen sa al fregen,
kaam sûnder muoite op my ta,
myn hert hie wille fan it skreppen,
dat my tasong op ’e toan
fan ‘dit is no de winst foar dy’,
de kearnfraach – is it wol foldroegen –
komt sa**.
* Foto ‘Wyngerd’
** Sjoch gedicht ‘It jout neat’