Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Manzanares sjongt

Keunst

fan Francisco de Goya*

De Manzanares rôp: ‘Nei bûten,
harkje nei myn rûzjend liet,
lit achter jim de drokte fan de stêd,
rin oer de heuvels nei my ta,
wat goed is foar jim sloppe kûten.’

Se kamen man- en ek froumachtich
op it trochgeand rûzjen ôf,
it liet dat harren nûge foar de dûns,
it gie doe los mei twa by twa,
de Manzanares fûn it prachtich.

Fan ’t skaad kaam ’t selskip yn de sinne,
wylst de mage gnoarre ’t liet
fan nei de dûns bist roppich, wurdst wer sêd,
dan moatst it fan de picknick ha
en litst dêrnei it wetter rinne.

* Francisco de Goya (1746-1828)
Skilderij ‘De dûns oan de igge fan de Manzanares’
Skilderij ‘De picknick oan de igge fan de Manzanares’

admin

It jout neat

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Doe kearde ik my om en seach
de wurken fan myn hannen,
al myn skreppen en myn skuorren,
allegearre wie it neat,
jacht meitsje op ’e wyn.

Ik kriich de wiisheid yn it each,
ferlike dy mei dwaasheid,
seach ’t ferskil fan ljocht en tsjuster,
mar ’t wie allebeide neat,
jacht meitsje op ’e wyn.

Wa’t nei my komt, sil wat ik wiis
beskrept ha, samar krije,
ek al libbet er yn ’t tsjuster,
dus is ’t allegearre neat,
jacht meitsje op ’e wyn.

Wat men beskrept hat, is in griis,
want alle libbensdagen
hat men ûnder leed te lijen,
allegearre is it neat,
jacht meitsje op ’e wyn.

Op ien manier is ’t minskdom wiis:
genietsje fan it libben
út Gods hân, dus ite, drinke
mei ferstân is net ferkeard,
ha nocht mei in glês wyn.

* Foto ‘Glês wyn’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum