Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Tiid om te klinken

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Foar alles is in tiid,
foar wurk en frije tiid in oere,
de tiid rint altyd troch
of hat it soms oan tiid,
de tiid lit him net stjoere.

Ik ha de drokte sjoen
fan minsken om mar troch te skreppen,
de tiid rint altyd troch,
hâldt ivich syn fatsoen,
de tiid kaam mei de skepping.

Neat better as it lok
om ’t goede fan ’t bestean te nimmen,
de tiid rint altyd troch,
al is men frij of drok
oan ’t wurk, ’t giet om de stimming.

De jefte komt fan God,
lit ús dan ite en wat drinke,
de tiid rint altyd troch,
fêst stiet wat komt oan bod,
lit ús op ’t libben klinke.

* Foto ‘Sinnewizer’

admin

Kronos

Mytebylden

fan Peter Paul Rubens*

De soan fan himel en fan ierde
kaam yn opstân tsjin syn heit,
snie mei de sichte ôf ’t orgaan
dêr’t hy syn Gaia mei befruchte,
wat alles fan syn wredens seit.

Syn broers en susters naam er finzen,
sleat har yn de ierde op,
hy kriich as kening sa rom baan,
seach yn syn eigen bern ek hearskers,
noch heger sette hy it krop.

Sa friet er daliks nei de berte
op ’t ûnskuldich eigen kroas,
behalve Zeus, dy soe syn slach slaan
troch Kronos daliks op te sluten,
it koe net oars, dochs waard it oars.

Soan Zeus sleat mei heit Kronos frede,
dy’t in goede kening waard,
de oarder kriich troch him rom baan,
symboal fan Kronos waard de sichte,
de fjildfrucht joech him nocht en baat.

* Peter Paul Rubens (1577-1640)
Skilderij ‘Kronos fret syn bern op’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum