juli 15, 2024
Hy kaam fan ûnderen nei boppen,
moast de help ha fan in stok,
dy’t him hieltyd heger swypke
oant er rikte nei de ein,
fan lok hat hy doe roppen.
Benijd kaam hy fan boppen ûnder,
sûnder help fan wat dan ek,
joech him del om waar te nimmen
hoe’t de sprong ferrinne soe,
it waard foar him gjin wûnder.
Op eigen wjukken kin hy fleane,
sa berikt er ’t heechste lok,
sjocht de springer lytser wurden
omdat hy net heger kin
as fuotten dy’t heech geane.
juli 14, 2024
fan ûnbekend*
Lit folken libje as twa bruorren,
wa’t de âldste is, seit neat
oer hoe’t de grinzen rinne,
want sy rinne sels tegearre op,
gjin grins dy’t harren keart.
Twa folken koene sa net rinne,
’t gong dan op ’e kop ferkeard,
Japan rûn oer de grins fan
Sina, haat sloech doe foar master op,
dy sei oer bruorskip neat.
Shanghai seach ’t needlot kommen
troch de loft en bom nei bom
ferneatige de grinzen
fan ’t gewisse, ’t hold net earder op
as dat in bern rôp: ‘Kom!’
Syn broerke koe net komme,
rekke ûnder stien nei stien,
it gie oer alle grinzen
hinne, ’t roppen hold úteinlik op,
der gûlde noch mar ien.
* Foto ‘Nei it bombardemint
op it stasjon fan Shanghai’