juli 19, 2024
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
In brêge soarget foar ferbining
tusken dit en dat gebiet
om te kommen wêr’t men wêze wol;
de brêge nei in fier ferline
leit yn ’t hege noarden.
De oarde dêr’t de wylde Wytsing
boude mannich drakeskip
om te rôvjen, alle boaten fol,
sprekt hjoed ek noch fan it ferline:
byld of yn ferbylding.
Foar eagen komt it Noarske lânskip:
bergen, fjorden, net te min,
dêr’t men as toerist graach wêze wol;
kom oer de brêge nei ’t ferline:
wylde Wytsings oarde.
* Foto ‘More og Romsdal yn Noarwegen’
** Foto ‘Wapen fan More og Romsdal’
juli 18, 2024
fan Peter Paul Rubens*
Har namme strielet al fan ljocht:
Helena, fjurrich as in fakkel,
ljocht dat kringt troch ’t blanke fel,
har wêzen mei der sa ek wêze,
mei de pels, dêr komt it eins op del.
Foar syn Heleen gie hy op jacht
de wrâld yn om in bear te sjitten,
leafdesfjoer út syn gewear
koe neffens him har wêzen reitsje…
om har lea de hûd, foar him de ear.
Dêr stiet se, foar de helte bleat,
gjin fakkel dy’t ferbrânt de hierren
fan de bear, sy keart him ta
de rêch, syn proai wol sy net wêze,
de sabeare bear sil har net ha!
* Peter Paul Rubens (1577-1640)
Skilderij ‘Helena Fourment’ of ‘It pelske’