maart 7, 2021

fan Salvador Dalí*
It kaam fan boppen,
út ’e hichte wei
en briek ynienen troch,
lykas de sinne troch it aai,
de djerre tusken doppen.
Surrealisme wiist de wei;
wat reëel wie, it geweld
mei withoefolle deaden,
koe net mear foar wier trochgean;
’t is de wierheid dy’t fertelt
dat dreamen geane boppe
breinwurk út en sweve as in earn
fan ’t iene plak nei ’t oare,
sûnder wjukslach, op termyk
fan wat er yn it aai al learde,
dat op tiid trochmidden briek,
sadat in earn kaam yn it ryk
fan boppe-ierdske fantasy
om ’t minskdom te bekoaren
mei wat fan reëel ôfwiek.
It komt fan boppen,
út ’e hichte wei
en libbet noch altyd
foar wa’t it aai nimt dreamen mei,
hy heart de fûgel roppen.
* Salvador Dalí (1904-1989)
Skilderij ‘De sinne’
maart 6, 2021

fan Pieter Bruegel de Oude*
Ferstjitten is it eigen folk
troch wat it sels misdien hat
yn plak fan dieden foar de Hear,
it komt op slach yn ’t near.
De Filistinen as it byld
fan tsjoenderij, har sizzen
is as leagen, fier fan wier,
it byld fan falske sier.
De rykdom is de ein fan wei,
it goud en sulver blinke,
de hynders strielje út de macht,
gjin wein is sûnder fracht.
Yn wêzen is it neat mei neat,
lykas de macht fan goaden,
dêr’t knibbels har foar bûge, mar
fersjoch jim net… ’t wurdt bar.
It wurdt sa bar, krûp yn de grûn,
ferskûlje jim yn rotsen
foar de ferskining fan de Hear,
gjin heechmoed bylket mear.
* Pieter Bruegel de Oude (1525/1530-1569)
Gravuere ‘Superbe (heechmoed)’