Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Warskôging fan Atlantis

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Ubatuba is de namme,
klinkend oer it Fortaleza-strân,
in echo út in skjin ferline,
doe’t it wâld noch lieten song
oer sterke woartels, hege stammen.

Doe’t Atlantis, eal fan namme,
bloeide legindarysk boppe ’t strân,
liet har ljocht oer weagen skine,
mar troch wanbelied djip sonk,
it folk hat him dêr net foar skamme.

Sil ’t Atlantysk wâld ek sinke
lykas doe Atlantis mei syn strân?
Lit Ubatuba net ferdwine
yn ’t klimaat fan ‘gean dyn gong’,
te let is ’t as dyn bern ferdrinke.

* Foto ‘Fortaleza-strân yn Ubatuba, Brazilië’



admin

Hurder as in rots

Keunst

fan Francisco de Goya*

Noch hurder as in rots
wie wat sy dêr besprutsen,
feintsjes fan in rûch bestean,
dat mear foar harren opsmiet
as moreel troch ’t libben gean.

In feintsje wie sy net,
mar trije hiene stutsen
tsjin har wil, sy moast dus wol
mei harren oparbeidzje,
spile amoreel har rol.

Noch hurder as in rots
wie har konklúzje, lutsen
út wat net te winskjen wie;
’t gewear mei seis patroanen
lei har nei, joech goede rie.

Sy makken har wer klear
om ta te stekken, sprutsen
net mei har, sy hie it troch
en skeat mei seis patroanen,
foar elk twa, ’t wie krekt genôch.

* Francisco de Goya (1746-1828)
Yllustraasje ‘Feintsjes meitsje har klear’
Print 11 út ’e searje ‘Los Caprichos’


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum