maart 13, 2021
fan ûnbekend*
Jesaja
Sa leit it lân derhinne:
Juda dy’t al fallen is,
Jeruzalem stiet altyd noch,
mar stoart mei gauwens yn,
omdat de lieders heechop rinne,
delsjogge op it sljochte folk,
’t útknipe om it alderlêste
derút te sûgjen, mar omdoch…
… want sjoch, dan komt de Heare,
dy’t wol sjocht wat fallen is,
Hy rjochtet op en lit it rjocht
syn gong gean tsjin harren yn
dy’t as ferlieders ’t rjocht opkeare
en hinne wâdzje oer it folk,
ferrinnewearje dizze wyngerd,
it plak dêr’t wurke waard mei nocht.
* Foto ‘Wyngerd’

maart 12, 2021
fan Nikiforos Lytras*
Polyneikes, broer fan Eteokles,
soannen fan ferneamde Oedipus,
de kening fan stêd Thebe,
dy’t op reis moast, balling waard…
de bruorren soargen foar in les.
Eteokles, broer fan Polyneikes,
beide makken gading nei de troan,
de earste woe foar altyd
kening wêze, wat lei yn syn aard…
de bruorren soargen foar in les.
Polyneikes, broer fan Eteokles,
gie as balling, lykas heit, op reis,
belibbe aventoeren,
guon mei leafde, oare haat…
hy soarge dûbel foar in les.
Eteokles focht tsjin Polyneikes
om stêd Thebe, ’t gie der fûl om wei,
dat beide waarden rekke
troch de dea… wa hie noch baat
by beide broers har libbensles?
* Nikiforos Lytras (1832-1904)
Skilderij ‘Antigone by it lyk
fan har broer Polyneikes’
