april 10, 2021

fan ûnbekend*
Jesaja
Sjedêr it folk as hege beam
dy’t grutsk syn grouwe tûken spriedt,
de Heare slacht dy mei in klap derôf
en hout dêrnei de beam ek del,
wat net alhiel ta delgong liedt.
Want út ’e stobbe sjit in twiich,
’t is Isaï dy’t draacht wer frucht,
want oer him komt Gods Geast fan wiisheid en
ferstân, fan oerlis en fan macht,
ûntsach en kennis yn in sucht.
As rjochter docht er earmen rjocht,
foar lytse lju nimt hy it op,
hy draacht in riem fol fan gerjochtichheid,
syn wierheidsgurle blinkt fan trou,
hy draait de status op ’e kop.
Dan is de wolf by ’t laam te gast,
de panter jout him rêstich del
by ’t geitebokje, wylst de liuw en ’t keal
tegearre weidzje, sjoch… de ko
en de bearinne as in stel.
De liuw fret strie lykas it fee,
in berntsje boartet by de slang
syn hoale, sjoch… de beuker lit de hân
gewoan oer ’t nêst mei njirren gean,
gjinien is yn sa’n wrâld mear bang.
De hiele ierde rekket fol
fan kleare kennis fan de Hear,
lykas de see fol suver wetter is,
dan riist de twiich fan Isaï
op foar de naasjes, God ta ear.
* It orizjineel is yn de Mormoonske tsjerke
yn Salt Lake City
april 9, 2021

fan Elisabetta Sirani*
Doe’t Caesar oan de macht kaam,
die har heit himsels tekoart,
hy woe net libje fan genede,
dêrfoar wie tefolle bard,
mei ’t stjerren hie er frede.
Doe’t Porcia mei Brutus
troude, snie sy yn har hûd
as bluodrich teken fan har stipe,
wat ek tsjûge fan har moed,
har geast hat sy sa slipe.
Doe’t Caesar oan syn ein kaam,
die har man himsels tekoart,
wat moast sy dêrnei noch allinne?
Stjerren wie har iennichst part…
nei twa kear moast dat kinne.
* Elisabetta Sirani (1638-1665)
Skilderij ‘Porcia ferwûnet har bil’