Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ut ûnderfining

Keunst

fan Diego Velázquez

Al lang hat sy it libben preaun
mei yn har goede tiid befallings
lykas pykjes krûpend út it aai,
twa hinnen ha har foarbyld folge,
inkeld hoantsjes kamen koart dêrnei.

Sy is yn ’t hûs allinnich bleaun,
mar hat yn ’t hok wol fjouwer hinnen
mei in hoanne dy’t fiktoarje kraait
en priuwt fan in foarbyldich libben,
net it foarbyld dat har noch wat seit.

Har beppesizzer is bedreaun
yn ’t sykjen fan it hinnefretten,
bringt foar ’t streksum miel ek in pompoen,
mar kin it hoanne-foarbyld noch net
folgje, aaien binne oars ek sûn…

… fynt beppe, dy’t it libben preaun
hat sa’t it wie út ûnderfining:
‘Sa, myn jonge, hjir is dyn bakt aai.’

* Diego Velázquez (1599-1640)
Skilderij ‘Alde frou bakt aaien’

admin

God en David as hoeder

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Ezechiël

De Heare joech my as profeet
syn eigen byld as goede hoeder,
want de skiep dy’t oeral doarmje,
hellet Hy nei Israel werom,
der komt in ein oan harren leed.

Mar komt it swakke skiep yn need
troch tadwaan fan de sterke rammen,
dan sil God de strange rjochter
wêze: ‘Dêrom, sterken, tink derom,
de hoeder hâldt it swakke beet.’

God ropt syn tsjinstfeint David op
om hoeder fan it folk te wêzen,
dat frij wennet yn it eigen
lân, gjinien komt mear fan honger om,
de keppel harket nei syn rop.

* Foto ‘De goede hoeder’


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum