Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Wrede evolúsje

Lyrysk Deiboek


Swarte hearskers op ’e peallen,
mei elkoar ha jim de macht
yn de loft en op it wetter,
ek dêrûnder foar de jacht
op wa’t sa gau net flechtsje kin,
skerp binne eachopslach en snaffel.

Jimme skite op ’e peallen,
wearden ha foar jim gjin sin,
driften dogge ’t folle better,
dy’t har rjochtsje op gewin
op kosten fan dy’t stadich swimt,
wreed binne jimme slach en snaffel.

Sa ferrûn de evolúsje,
’t foargeslacht naam dêroan diel
mei ’t gefolch dat jimme letter
ha mei rjocht in wrede siel,
dy’t oanset ta wat hat foar jim
wol sin: de jacht op iel en fisken.

admin

Hongerwinter en -simmer

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

Wat is gewoaner as in miel
dat elke dei op tafel stiet
en soarget foar in folle mage,
jout oan ’t lichem enerzjy,
sa komt men troch de dagen.

In oarloch is útsûnderlik;
behalve dat geweld it wint
fan rêstich deljaan troch de dagen
hinne, spilet honger ek
faak op, rop fan de mage.

De honger hold dy winter oan,
besetting liet gjin bôle troch,
sadat de dea troch Hollân ware;
mei de kjeld sleat dy in deal,
men rûn sa twa gefaren.

De honger wreidet him hjoed út
troch oarloch yn it lân fan nôt,
dat net berikt de hjitte lannen,
dêr’t ferskroeit wat siedde wurdt,
de dea past oan syn plannen.

* Foto ‘Hongerwinter 1944/1945’
** Foto ‘Honger troch drûchte’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum