juli 29, 2021

fan Melchior d’Hondecoeter*
Wat hoanne sil fiktoarje kraaie
yn in wrâld fan liberaal geweld:
de frijheid fan de inkeling
op kosten fan de maatskippij,
it is de macht dy’t telt.
De hinnen kinne net mear skaaie,
krije gjin gelegenheid om oan
de kost te kommen foar ’t geslacht,
se binne der ferplichte by,
foar har grut machtsfertoan.
It giet fan striid nei elkoar naaie,
middels floeie út it hillich doel:
it stribjen nei de heechste macht,
de winner is allinnich frij,
hy wurdt net waarm, bliuwt koel.
Dochs sil er lûd fiktoarje kraaie,
want hy is in echte liberaal:
de frijheid fan de inkeling
op kosten fan de maatskippij,
de dea is syn ferhaal.
* Melchior d’Hondecoeter (1636-1695)
Skilderij ‘Hoannestriid’
juli 28, 2021

fan ûnbekend*
Jesaja
Ik ha dy útkard, Israel,
oproppen út ’e fierste hoeken wei,
do bist myn feint as folk fan Jakob
en fan Abraham, myn freon,
dus jou dy rêstich del.
Sit net yn noed, Ik bin derby
en help dy, dat do bliuwst foargoed oerein,
dyn fijân komt te skimp en skande
en ek om, der bliuwt neat oer,
fan gleone haat bist frij.
Ik krij fan dy de rjochterhân
om troch te gean as folk fan My, dyn God,
Ik fier dy nei dyn lân.
Yllustraasje ‘Folk fan Abraham’