juli 31, 2021

fan Jezusmariagroep*
Jesaja
Sjedêr myn tsjinstfeint
dy’t My boppe alles giet
en dêr’t Ik achter stean,
myn Geast ha ’k yn him jûn,
sadat hy foar it kniesde stiet.
Hy sil net raze,
roppe sil er likemin,
de strjitten galmje net
fan wat syn boadskip is,
foar him hat grut fertoan gjin sin.
Gerjochtichheid is
wat er ’t heidenfolk sjen lit,
it kniesde reid sil hy
net brekke, ’t flamke lit
er brâne, blaast net út de pit.
Hy sil net wifkje,
rekket ek net kniesd foardat
gerjochtichheid it wûn
hat yn de hiele wrâld,
syn lear komt yn elk lân oan bod.
* Yllustraasje ‘Tsjinstfeint’
juli 30, 2021

fan Jacob Jordaens*
fan ûnbekend**
Lit de Satyrs en Silenen
’t spul mar spylje fan jûchhei:
‘Hoera foar Dionysos,
mei syn nimfen dûnset hy.’
Satyrs mei har bokkepoaten,
lange earen en in sturt,
ha altyd nocht oan ûnnocht,
plichtsbesef… hat dat wol nut?
Jou Silenen mar de romte
om frijút te fjouwerjen
as hynders, sy ha nocht oan
Dionysos’ leave bern.
Lit de Satyrs en Silenen
mei de nimfen dûnsje yn
de nacht op, Dionysos
soarget foar de swiete wyn.
* Jacob Jordaens (1593-1678)
Skilderij ‘In satyr’
** Byldsje ‘Silenen’
