augustus 8, 2021

fan Walt Disney*
In mûs dy’t lûd joech, wie modern,
hy pipe, mar koe ek goed prate,
liet him as in stjoerman sjen,
gjin minsklik wurk wie him tefolle,
dêrmei spriek er oan de bern.
Hy seach himsels as kapitein
en stie oan ’t roer fan stoomboat Willie
tsjin dit sin fan Boris Boef,
dy kapitein hie yn de holle:
jirpelskile yn de roef.
As Mickey Mouse waard hy bekend,
in slimme mûs om mei te praten,
wiere freon fan alle bern,
dy’t mei de mûs belibje wolle
wat yn ’t echt net is te sjen.
Yllustraasje ‘Mickey Mouse as kapitein’
augustus 7, 2021

fan ûnbekend*
Myn namme is de Heare,
My komt de eare ta,
dy’t Ik net ôfstean
oan in ôfgodsbyld,
de lof kin men net keare.
Ik sprek fan nije dingen,
jim witte dêr al fan
foardat dy der al
binne, want Ik wol
de die mei ’t wurd jim bringe.
Jim dy’t de see befarre
of wenje oan de kust
of yn in stêd yn
de woestyn, sjong foar
de Hear, it moat no barre.
It doarp fan Arabieren,
bewenners fan de rots,
ferkundigje de
Hear en bring Him lof,
God is foar jim de wiere.
* Yllustraasje ‘Lof foar de Hear’