augustus 14, 2021

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Jesaja
Ik ha myn tsjinstfeint nei jim stjoerd,
sadat myn folk it sjen en hearre koe
wat Ik foar eagen ha,
’t kaam mei syn each en ear net goed.
Skuor iepen jimme eagen, sjoch,
myn tsjinstfeint is sels blyn, en harkje goed,
hy heart gjin stim of lûd,
syn kommen is dochs net omdoch?
It libben liet jim gâns wat sjen,
mar naam myn folk fan al dat sjen wat op?
Mei iepen earen ha
jim heard, mar alles gie ferlern.
Ik ha myn tsjinstfeint nei jim stjoerd,
mar ek de Wet dy’t grut en hearlik is
en myn gerjochtichheid sjen
lit… hear en doch, dan komt it goed.
* Foto ‘Sjen’
** Foto ‘Hearre’

augustus 13, 2021

fan Sebastiano Ricci*
Sa jong en dan al generaal,
fûl yn de striid tsjin Hannibal,
dy’t foar Kartago focht
mei al syn oaljefanten…
hear nei Scipio’s ferhaal:
‘Ik focht yn Sanje foar de ear
fan Rome, wûn it hielendal,
in famke wie myn bút,
dat woe ik fan gjin kanten,
want har ear die my dochs mear.’
Tsjin Antiochos focht hy ek,
dy’t him sjantearre mei syn soan,
dy’t wurden wie ta bút;
de heit wist doe fan wanten,
syn prinsipe hie gjin rek:
‘Dus kriich myn soan de frijheid wer,
mar Rome sleat myn frijheid yn,
’t wie slimmer as ik tocht,
oerladen waard ’k mei skande,
dus fertsjustere myn stjer.’
* Sebastiano Ricci (1659-1734)
Skilderij ‘De selsbehearsking fan Scipio’