juni 2, 2024
fan ûnbekend*
Koe Marc Grégoire** wol witte
wat syn pankoekspanne foar
gefolgen hie foar it miljeu?
Hy fûn in plestik laachje út,
dat liet gjin baksel sitte.
Hy hat de stof net metten
dy’t fersmoarge it miljeu,
hy soarge inkeld foar gemak;
syn pankoekspanne kriich patint,
sa waard foarearst besletten.
Net folle letter wisten
wittenskippers dat miljeu
gjin eigen laach beskerming hat
om al it plestik te wjerstean,
dy kennis trochjaan miste.
* Foto ‘Sleat’
** Marc Grégoire is de útfiner
fan Teflon (Pfas) yn 1938
juni 1, 2024
fan ûnbekend*
De Noardsee siet dertusken,
tusken stilstean of der fol foar gean
om mei in fracht oan wapens
fijân Dútslân te ferslaan,
de frijheid wie de muoite wurdich,
mear noch: ek de dea fan de soldaat,
it wie mei sizzen net te dwaan.
Hoefolle wurden sprieken
fan de stipe foar in folk yn need,
allinnich mar mei wapens
sûnder Ruslân te ferslaan?
Lang siet de grins dertusken,
tusken stilstean of der fol foar gean
mei wapens dy’t fier rikke
om ús freonen lucht te jaan,
de frijheid giet oer grinzen hinne
mei rjochtfeardichheid as trouwe maat,
tegearre moatte sy it dwaan.
* Foto ‘D-Day’