Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Streekrjocht yn gefaar

Lyrysk Deiboek

Der is in grut ferskil yn streek,
dy fan de dyk en fan it reid:
horizontaal en fertikaal,
keunstmjittich en natuerlik,
ferskil yn feilichheid.

De wite streek rint streekrjocht troch,
it teken fan hjir hâldt it op
mei wat natoer te bieden hat,
it asfalt is keunstmjittich
en kostet soms de kop.

De mem stiet tûzen noeden út,
de heit wat minder, him is ’t oer
dat bern fersteane net de taal
fan streekrjocht komme yn gefaar…
grutbringe is in toer.

admin

Charles Lindbergh

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

In dûbellibben hjir en dêr,
tichtby de grûn en yn de flecht,
yn frijheid en totalitêr,
it moast foar Charles wol kinne.

De oseaan hold him net tsjin,
sa kaam er fleanend nei Parys,
it wie de Steaten nei it sin,
mei him as held wie rom te winnen.

Hy waard de loftfeartpionier,
ferbettere de fleantechnyk,
de naasje makke gjin beswier
en liet syn hichtemotor rinne.

De Steaten wiene op ien ein
doe’t lytse Charles fermoarde waard,
dêroer is ’t lêste wurd net sein,
soe heit de dieder wêze kinne?

It rûn ferkeard yn Dútslân ôf
doe’t hy dêr dekorearre waard,
’t rasisme brocht him yn it nau,
de naasje liet de held allinne.

In dûbellibben hjir en dêr,
mear froulju joegen him ek bern,
foar har wie hy de loftfeartstjer…
totale frijheid moast dochs kinne?

* Foto ‘Charles Lindbergh’
** Foto ‘Spirit of St. Louis’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum