Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Nei it ôftellen útteld

Keunst

fan Jean-Léon Gérôme*

Dêr leit er, útteld op ’e grûn,
maarskalk Ney, maat fan Napoleon…
hysels hat net de deaden teld
yn mannich slach omkommen,
hy wie wend oan dat geweld.

Hat maarskalk Ney syn rêst no fûn
nei it hinne wer: Napoleon
en dan Bourbon, de hearsker telt,
op ’t lêst Napoleon, hy
krige lêst fan ’t kriichsgeweld.

Bourbon hat him de hannen bûn,
want hy hold it mei Napoleon,
de fijân fan de nije foarst,
dy’t nei de keizer hearske,
foar de maarskalk wie it hast…

… syn tiid om ôf te tellen, hy
wie gjin maat mear fan Napoleon,
gie iensum nei syn ein, ’t geweld
út withoefolle lopen…
maarskalk Ney hat dy net teld.
 
* Jean-Léon Gérôme (1824-1904)
Skilderij ‘De eksekúsje fan maarskalk Ney’ 



admin

Ferheegje en sljochtsje

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jesaja

Hy dy’t ivich op ’e troan sit,
heech ferheven is,
lit klinke klear syn stim:
‘As jim de wei ferheegje,
sljochtsje sa de baan,
dan sil myn folk net stroffelje.’

Hy dy’t leech en djip ferslein sit,
dêr lit Hy Him sjen,
wa’t dimmen is, heart Him
om ’t moed wer op te fleurjen,
om ek moed te jaan,
op fuotten helpt Hy Israel.

Israel wie eigensinnich,
dwers gie it syn wei,
beharke net de stim
dy’t oprôp te ferheegjen
’t paad om rjocht te dwaan
oan wa’t troch ’t libben stroffelje.

Mar de Hear bringt op bestimming
fan de frede ’t folk
dat harket wer nei Him.

Yllustraasje ‘Unegaal paad’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum