september 13, 2024
fan ûnbekend*
Kom massaal nei Arcachon,
de stêd deunby de oseaan,
syn waarme Golfstream
soarget foar in myld klimaat,
dus folgje dokter syn advys:
‘Wa’t in krupsje hat,
fynt oan de kust grif baat.’
Lit de baai fan Arcachon
mei rêst, deunby de oseaan
groeit gers op wiete
grûn en soarget it klimaat
foar libben mei diversiteit;
folgje dit advys…
wa hat dêrby gjin baat?
Arcachon biedt útsicht op
natoer en sûnens by in kust
mei waarme weagen…
bliuwt dy in stabile maat?
* Foto ‘Baai fan Arcachon’
september 12, 2024
fan ûnbekend*
Sjedêr, it dûbelskilderij
hâldt skôgers foar it lapke
tsjûge it papierke ûnder ’t boek,
de skilder sjocht ús earnstich oan,
dochs hâldt hy fan in grapke.
Hy skildere op ien paniel
himsels mei boek en pipe,
ek de roede fan in grien gerdyn,
it koste him wol enerzjy,
syn humor hat him stipe.
De skilder hat de put derút
en wol him no ûntspanne
mei syn pipe en in spannend boek,
dus ticht of iepen dat gerdyn?
Foar him sil ’t derom spanne.
* Gerard Dou (1613-1675)
Skilderij ‘Selsportret’