februari 13, 2022

fan ûnbekend*
King Kong tusken aap en minske,
bjusterbaarlik wie syn krêft
as aap, antropomorf it ynsjoch,
byld om triljend nei te sjen,
in kening gie oan him ferlern.
Kening-god, sa waard er eare
op ’t mystike eilân Skull
mei bisten út in fier ferline,
foar in film in treflik plak,
taskôgers krigen har gerak.
King Kong waard úteinlik fongen,
oerbrocht nei de stêd New York,
dêr’t hy it dwaan moast as attraksje,
die wat oars, wat joech panyk,
op grutte hichte waard er lyk.
Mannich pommerant sjocht King Kong
as model foar krêft en macht
om mei geweld oerein te bliuwen,
mar in aap rint justjes bryk,
syn lyk wurdt wei yn ’t ierdske slyk.
Yllustraasje ‘King Kong’
februari 12, 2022
fan ûnbekend*
Jesaja
Ik ha gjin timpel nedich
as it folk in offer bringt
en tagelyk it kwea oanbidt,
dat troch it hiele libben kringt.
In grouwe bolle slachtsje,
tagelyk in moard begean
of offerje it bêste skiep
en meitsje fan in hûn in lyk
of moal as offer bringe
tagelyk mei bargebloed
of wijreek brâne ta myn ear,
mar ek de ôfgod hulde dwaan…
hoe kin Ik sokke offers achtsje?
Gjin timpel ha Ik nedich,
want de himel is myn troan,
de fuotten rêste op ’e wrâld,
de eigen bou foldocht My skoan.
* Yllustraasje ‘Gods troan en fuotbank’
