februari 17, 2022
fan Albrecht Dürer*
Al spyljend op syn liere
song Orpheus liet nei liet
en brocht elk yn ekstaze;
troch de harmony fan stim
en ynstrumint hold sels de wyn
him stil en harken alle dieren.
In nimf siet stil fan fierren
te harkjen nei syn liet
en waard op him fereale,
troude koart dêrnei mei him;
it lok ferwaaide op ’e wyn,
want sy waard biten troch in njirre.
De sjonger koe net sûnder
Eurydice, syn liet
ferstomme, ek syn liere;
lûd klonk yn de ûnderwrâld
syn stim: ‘Jou my myn nimf werom,
dan sjong en spylje ik foar wûnder.
It slagge én mislearre,
want hy seach achterom,
moast wer syn leafste misse,
waard foar alle nimfen kâld,
troch harren wraaksucht kaam er om,
wat waard fan syn kant wol wurdearre…
… want Orpheus koe no sjonge
foar wa’t er leaf hie liet
nei liet, sy wiene wer tegearre.
* Albrecht Dürer (1471-1528)
Tekening ‘De dea fan Orpheus’

februari 16, 2022

fan ûnbekend*
Jesaja
De fijân fan de Heare God
ferwachtet neat fan kommend heil,
mar daget wol syn gloarje út,
grut lijen komt foar him oan bod.
De Hear komt yn in see fan fjoer,
syn weinen jeie as in stoarm,
sa slacht de gleone grime ta,
de fijân falt, syn macht is oer.
Wa’t him in suver kleed oanmjit,
sa op in goare gids tarint,
mei him it fleis fan bargen yt,
komt oan syn ein, wat hy ek wit.
Foar wa’t my tsjinje, komt in stream
fan frede, fris as in rivier;
de treast fan memmen foar har bern
is foar de grutten noch in dream.
Jeruzalem jout jimme treast,
dat lûd komt út ’e timpel wei,
de gloarje makket tsjinners bliid,
dêryn beharkje jim de Geast.
* Yllustraasje ‘Fjoer’