februari 27, 2022

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Der is noch neat feroare
sûnt de anneksaasje fan it lân
dat Hitler as fan him beskôge;
stek de fûst op tsjin tirannen,
lit se yn har leagens smoare.
Oer grinzen giet it hinne
mei it lôgjend fjoer dat stekt yn brân
de wearde fan in minskelibben;
stek de fûst op tsjin it Kremlin,
lit de krimineel net rinne.
Der is noch neat feroare
sûnt de bommerein op Rotterdam,
doe’t flammen withoeheech oplôgen;
stek de fûst op tsjin tirannen,
lit se net mei wapens score.
Oer Kiev fljocht it hinne
mei granaten, spuiend flam nei flam…
hat wearde noch in minskelibben?
Stek de fûst op tsjin de waansin,
dat de moardner falt allinne.
* Foto ‘Hitler kundiget de anneksaasje fan Eastenryk oan’
** Foto ‘Bombardemint op Rotterdam’

februari 26, 2022

fan Vincent van Gogh*
Jeremia
De Heare liet my bylden sjen
en joech ek de betsjutting:
in fisioen oer beam en Him
en ek oer iten yn in pôt,
’t ferskil kaam op my oer
as wie it yn fergrutting.
Ik seach in mangeltûke ier
yn ’t jier al folop bloeien,
dy tûke sloech folslein op Him
dy’t ús op tiid rêdt fan de boeien.
Ik seach in itenspôt dy’t skean
hong, siedend fan it noarden
út, al it ûnheil kaam dêrwei
en streamde nei ús eigen oarde.
De Heare liet my bylden sjen
fan syn betide kommen
en ’t ûnheil dat Hy bringe sil
troch folken út it noarden wei,
it is Him mear as oer,
dêrom is it beslút al nommen.
* Vincent van Gogh (1853-1890)
Skilderij ‘Mangeltûken yn bloei’