maart 3, 2022

fan Vincent van Gogh*
De muorren fan in hurd systeem
bestean út withoefolle stiennen
fan net fierder as it plak
dat oanwiisd wurdt foar ’t swijend folk,
it moat syn rûntsjes rinne.
De lippen lizze opinoar,
gjin wurd komt út ’e mûle,
want se binne hjir teplak
en stappe neffens it systeem,
gjinien rint op in bûle.
Wêr bliuwt it wurd fan de profeet?
Hy moat syn mûle iepenskuorre,
raze it systeem teplak
en roppe ’t folk op ta de gjalp
dy’t brekt de hege muorren.
* Vincent van Gogh (1853-1890)
Skilderij ‘De finzenis’
maart 2, 2022
fan ûnbekend*
Jeremia
Oerein, profeet, it giet no oan,
wat Ik dy sis, dat silsto dwaan,
dus skrilje foar har net tebek,
oars lit Ik dy troch har ferslaan.
Do wurdst lykas in sterke stêd,
in pylder dy’t fan izer is,
in muorre, net fan stien mar brûns,
sa bisto fan dyn krêften wis.
Wa’t macht hat, nimt it op tsjin dy,
mar kin dy as profeet net oan,
want Ik stean dy geduerich by
en stjit de foarsten fan de troan.
Mar sis dan ek tsjin ’t folk it wurd
dat tsjûget fan de jierren doe’t
Ik brocht it folk troch de woestyn
en leafde makke ’t libben goed.
* Yllustraasje ‘Tocht troch de woestyn’
