Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Slachting

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jeremia 25, 30-38

De Heare brinzget fan omhegen
as in liuw syn grime út,
foar Kanaän en hiel de ierde
komt syn lûd geweldich oer,
want rjochtdei hâldt Er oer de dieden
dy’t net doge, lykas Babels toer.

In fûle stoarm raast oer de ierde
út en nei de hoeken ta,
fiert mei it folk dat wurdt ta liken,
yn it lân bliuwt nimmen oer,
sawol de earmen as de riken
wurde dong, del komt ek Babels toer.

Gûl hoeders, rôlje yn de moude
om en raas jim pine út,
it is no tiid foar jimme slachting,
dat fan jim bliuwt neat mear oer,
de Heare brinzget fan ferachting,
fernielt jim weidlân, lykas Babels toer.

Neiskrift
Mar lit de liuw syn lûd wol hearre
oer de tastân hjoed de dei:
de slachting yn syn Oekraïne,
is hy op it Kremlin poer
en sil hy Poetin moarn fersline?
Ik bin poer… heech riist noch Moskous toer.

* Foto ‘Brinzgjende liuw’



admin

Vergilius

Mytebylden

fan ûnbekend*

Vergilius, fan sljocht komôf,
koe nei Rome foar de stúdzje
fan retoarika; as advokaat
koe hy it lêste wurd net fine…
hy reagearre syn frustraasje ôf:

Wat ik yn de mûle hold,
is nei it skrift ferskood.

Vergilius, frijfeint, gjin frou
soe him yn it dichtsjen steure,
konsintraasje wie syn trouwe maat,
dêroan koe hy him maklik bine,
tegearre reagearren se har ôf:

Wat in frou net bringe kin,
belibje wy troch ’t bern.

Vergilius beskreau al gau
ien út tûzen as bysûnder,
’t keninklike bern, beskaafd fan aard,
dat liet de sinne oeral skine,
Augustus makke sa it lofdicht ôf:

’t Wurdt foar elk in gouden tiid,
ferspried dit wiid en siid.

* Mozayk ‘Vergilius tusken muzen’





Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum