maart 7, 2022

fan ûnbekend*
It wie no ienkear Grutte Pier
dy’t foar de Fryske frijheid stried,
hy wie it byld fan alle tiden:
grut en sterk… wa koe him oan,
ek ûnôfhinklik fan in oar…
in dûbel byld, Pier wie ferdield.
As sterkste hie hy fan de Rus,
foel oan en gie de grinzen oer
om tsjin de fijân fûl te striden,
rekke wa’t er reitsje koe,
der foelen deaden yn syn spoar,
begrutsjen wie foar him in toer.
In Oekraïner wie Pier ek,
omdat er foar de frijheid stried,
it ideaal foar alle tiden:
ûnôfhinklikens sprekt oan,
dêr striidt ek Oekraïne foar,
it byld dat elk frij minske dielt.
* Yllustraasje ‘Grutte Pier’
maart 6, 2022
fan ûnbekend*
Charkov, stichte troch Kozakken,
ûnôfhinklik, grutsk en net benaud,
sa krigen sy in sterke festing,
letter stêd fan ’t Oekraynske folk,
mei kennis en kultuer fertroud.
Charkov, ek fertroud mei ’t striden
tsjin de nazi’s, Hitlers folk dat wreed
de boargers fan de stêd fermoarde,
twa jier lang dreau dêr in swarte wolk…
tirannen witte fan gjin leed.
Charkov foar de twadde kear yn ’t lijen,
troch de Russen bluodderich yn ’t nau,
sy namen mei geweld de festing,
wiene sa fan Kremlins satan tolk…
oan syn komôf bleau Charkov trou.
* Foto ‘Bombardemint op Charkov’
