Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Kompjûtermot

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

Kompjûtermot, dit wie de namme
dy’t it earste rekkenwûnder kriich,
omdat in mot in steuring joech,
hy die dat ûnbeskamme.

Dat sa’n ynsekt sleat sa’n masine
koart, wie in primeur by sa’n primeur,
wat as in swiere bom ynsloech,
it gie net sûnder pine.

It apparaat wie ek bysûnder
mei syn langte, hichte en gewicht,
it hie in massa fan fiif ton,
it rekkene foar wûnder.

De mot berekkene de hoeken
foar it sjitten mei in skipskanon,
sadat de bom presiis ynsloech,
’t ynsekt koe men goed brûke.

* Foto ‘Rekkenmasine Harvard Mark I’

admin

Fal fan Gog

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Ezechiël

Ik moast wer profetearje
fan de Heare oer foarst Gog.

God nimt Gog by de leie
en driuwt him út it noarden wei.

De bôge slacht Hy him út
hannen, dat gjin pylk treft doel.

Syn fal komt op ’e bergen,
foar de bisten wurdt er foer.

Dan komt folk Israel foar
’t ljocht en stookt de wapens op.

It sammelet de liken,
dat it lân wer suver wurdt.

It offermiel foar bisten
sil bestean út fleis en bloed.

Sa wurde alle fjochters
wei, brekt oan de Hear syn dei.

* Yllustraasje ‘Symboalyske ûndergong’



Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum